Gedrachsregels privacy en persoansgegevens

Iepenheid of transparânsje fan bestjoer is in essinsjeel ûnderdiel fan elke moderne demokrasy.

De algemiene gedachte is dat oerheden en semy-oerheden ynsjoch jouwe yn harren funksjonearjen. Net allinnich it einresultaat fan beslútfoarming of belied is fan belang, teminsten like wichtich is de manier wêrop't ta de besluten kaam is. De gemeenteried fan Opsterlân makket ynformaasje aktyf iepenbier. Dizze ynformaasje befettet soms ek privacygefoelige ynformaasje, lykas persoanlike gegevens fan bestjoerders, amtners en ynwenners. Privacy en de soarchfâldige omgean mei persoansgegevens is foar de gemeenteried in grut goed; it wurdt net foar neat útwreide beskerme troch de Europeeske Algemiene Feroardering Gegevensbeskerming (AVG).

Gedrachsregels privacy en persoansgegevens gemeenteried Opsterlân 2020