Is der in probleem mei de buren en wolle jo dêr wat oan dwaan, want jo wolle noflik wenje? Hoe pakke jo dat oan?

Komme jo der net tegearre mei jo buren út? Skeakelje dan buertbemiddeling yn.

As jo tegearre mei jo buren der net út komme, dan kinne jo in buertbemiddeler ynskakelje. Hy/sy is ûnpartidich, tinkt mei en besiket in oplossing te sykjen. Buertbemiddeling is kosteleas. Gean nei:

Buertbemiddeling Scala Welzijn

Buren

Dát is maklik praten!

1 op de 4 Nederlanners ergert him wolris oan syn buren. It giet faak om lytse irritaasjes dy't op lange termyn ta grutte argewaasjes liede kinne.

Hoe foarkomme jo dat dat bart? Der tegearre oer praten is net altyd like maklik. Dochs kinne jo der sels wat oan dwaan. Gean nei:

www.datismakkelijkpraten.nl

Gean mei elkoar yn petear

Om rûzje te foarkommen is it wichtich om mei elkoar te bliuwen praten. As jo hiel lilk binne, kinne jo better even wachtsje oant jo ôfkuolle binne.
Foar jo yn petear geane, kinne jo jo tariede. Skriuw bygelyks de folgjende punten op:

• Bedenk wêr jo echt lêst fan hawwe. Besykje it by twa dingen te hâlden.
• Wat tinke jo dat de buren hjirfan fine?
• Hawwe jo sels al wat dien om it op te lossen?
• Wat wolle jo foarstelle oan de buren?

Bel dan oan by de buren, fertel dat jo prate wolle en sykje in momint dat it jimme beiden útkomt. 

In foarbyld: ’Goeie buorman, ik wol graach wat mei jo besprekke. Wannear kin dat?’ Hawwe jim in momint fûn? Hâld it petear altyd rêstich en freonlik.
Fertel rêstich en koart wêr jo lêst fan hawwe. Freegje de buren wat se dêrfan fine en harkje nei it antwurd. Wat fine sy derfan? Hawwe se ek lêst fan jo? Soms binne jo jo dêr hielendal net fan bewust. Praat der oer. Kinne jim tegearre in oplossing betinke?

Wat binne oplossingen? Kinne jimme ta ôfspraken komme?

Yn in ôfspraak is it belang fan twa minsken ferwurke. Foarbyld: It kin wêze dat it foar de buren wichtich is dat sy nei muzyk harkje kinne, wylst jo it wichtich fine dat de bern sliepe kinne. Miskien kinne jim tegearre teste by hokker folume de muzyk troch de muorre hinne te hearren is. En by hokker folume dus noch krekt net. Of sprek in tiid ôf wannear't de muzyk út giet.

Meitsje ôfspraken mei elkoar en soargje dat jo mei elkoar yn petear bliuwe, ek as it net meteen slagget om in oplossing te finen.

Mear ynformaasje

Hawwe jo fragen of stipe nedich? 

Nim dan kontakt op mei it Gebietsteam

Gemeente Opsterlân