Deibesteging
Hawwe jo muoite mei it ynfoljen fan de dei? Fiele jo jo allinnich? Kinne jo gjin (frijwilligers)wurk dwaan, ûnderwiis folgje of meidwaan oan (sport)aktiviteiten yn de buert? Hawwe jo ek nimmen yn jo omjouwing dy't jo dêrby helpe kin? Mooglik kin it Gebiedsteam mei jo meitinke. Tegearre geane wy op syk nei in oplossing dy't by jo past.
Dei-ynfolling foar âlderen
Âlderen kinne sûnder tuskenkomst fan it Gebiedsteam meidwaan oan de aktiviteiten by SúdeastSoarch. Jo kinne hjir telâne foar in goed petear, tegearre leuke dingen dwaan, oaren moetsje, tegearre bewege, jo ûnthâld traine, de krante lêze of kreatyf dwaande wêze. Jo kinne fergees meidwaan. Meitsje jo gebrûk fan it waarme iten, dan binne dizze kosten foar josels.
Lokaasjes
Jo kinne telâne op de folgjende lokaasjes:
- De Miente yn Gordyk
- De Lyte yn Oerterp
Oanmelde
Hawwe jo ynteresse? Nim kontakt op mei it Ynformaasje- en Advysintrum fan SúdeastSoarch fia telefoan 0800 - 571 71 71 (fergees).
