Deibesteging foar âlderen
Sûnt koart kinne âlderein sûnder tuskenkomst fan it Gebietsteam nei deibesteging by SúdEastSoarch. Deibesteging biedt in plak foar in goed petear, tegearre leuke dingen dwaan, oaren moetsje, tegearre bewege, jo ûnthâld traine, de krante lêze of kreatyf dwaande wêze.
Lokaasjes
Jo kinne de folgjende lokaasjes besykje:
• De Miente yn De Gordyk
• De Lijte yn Ureterp
Oanmelde
Hawwe jo ynteresse yn dizze deibesteging? Ynformearje dan by it Ynformaasje- en Advysintrum fan SúdEastSoarch fia telefoan 0800 - 571 71 71 (fergees). Jo hawwe gjin Wmo-yndikaasje nedich om gebrûk te meitsjen fan dizze deibesteging, it is foar elkenien frij tagonklik.
Fergees
De deibesteging fan SúdEastSoarch is fergees, jo betelje eventueel allinnich foar in waarm miel.
