Hawwe jo in handikap of beheining? Dan kinne jo yn oanmerking komme foar in handikapteparkearkaart. Mei dizze kaart meie jo op in handikapteparkearplak parkeare. De kaart is jildich yn de measte Europeeske lannen. Der binne trije soarten parkearkaarten: de bestjoerderskaart, de passazjierskaart en de ynstellingskaart.

Betingsten

Jo komme yn oanmerking foar de handikapteparkearkaart foar bestjoerders (GPK-B) as jo teminsten oan de folgjende betingsten foldogge:

  • Jo binne bestjoerder of passazjier fan in motorreau op mear as twa tsjillen of fan in brommobyl.
  • Jo hawwe troch in oandwaning of gebrek in oantoanbere rinnende beheining fan langduorjende aard.
  • Jo kinne mei de wenstige rinhulpmiddels minder as 100 meter oaniensletten selsstannich te foet oerbrêgje of jo binne permanint rolstoelbûn.
  • Jo binne medysk keurd troch in dêrta oanwiisde arts. (Der hoecht gjin medysk ûndersyk plak te finen as de gemeente al oer genôch gegevens beskikt.) 

Jo komme yn oanmerking foar de handikapteparkearkaart foar passazjiers (GPK-P) as jo teminsten oan de folgjende betingsten foldogge:

  • Jo hawwe troch in oandwaning of gebrek in oantoanbere rinnende beheining fan langduorjende aard.
  • Jo kinne mei de wenstige rinhulpmiddels minder as 100 meter oaniensletten selsstannich te foet oerbrêgje of jo binne permanint rolstoelbûn.
  • Jo hawwe kontinu de help fan de bestjoerder nedich om fan doar ta doar ferfierd te wurden. Dat moat op syn minst in heal jier lang sa wêze.
  • Jo binne medysk keurd troch in dêrta oanwiisde arts. (Der hoecht gjin medysk ûndersyk plak te finen as de gemeente al oer genôch gegevens beskikt.)

Oanfraach

Daliks regelje

Jo kinne it ynfolde oanfraachformulier ‘Oanfraach handikapteparkearkaart (GPK)’ opstjoere of ynleverje. 

Tink derom! Ferjit net om der ien resinte pasfoto by te dwaan.

Post

Jo kinne it formulier ‘Oanfraach handikapteparkearkaart (GPK)’ opstjoere nei:           

Gemeente Opsterlân

F.a.n. Gebietsteam

Postbus 10.000

9244 ZP BEETSTERSWEACH

Jo kinne it formulier ‘Oanfraach handikapteparkearkaart (GPK)’ ek ynleverje by ús loket yn Beetstersweach, Gordyk of Oerterp. Besjoch de iepeningstiden fan de loketten fan it Gebietsteam.

Meinimme

  • Ynfolde oanfraachformulier
  • Jildich identiteitsbewiis
  • 1 dúdlike pasfoto, de pasfoto mei maksimaal 6 moanne âld wêze

Byzonderheden

De handikapteparkearkaart foar (AWBZ) ynstellings is spesjaal bedoeld foar it ferfier fan bewenners. Op dizze wize kinne de ynstellings foar kollektyf ferfier soargje en hoege se net mear foar eltse bewenner apart in kaart oan te freegjen.

Kosten handikapteparkearkaart (GPK)

De kosten (leges) fan de GPK binne:

  • € 33,85 earste oanfraach fan GPK
  • € 16,40 ferlinging fan de GPK

As jo de GPK ophelje moatte jo dit bedrach betelje (allinnich mei PIN).

Earste oanfraach foar in GPK

Freegje jo foar de earste kear in GPK oan? Dan is der altyd in medysk ûndersyk nedich. 

Kosten medysk ûndersyk

  • € 48,00 medysk ûndersyk

In ûnôfhinklike keuringsarts fan Argonaut fiert it medysk ûndersyk út. Nei it opstjoeren of ynleverjen fan de ‘Oanfraach handikapteparkearkaart (GPK)’, én it beteljen fan it medysk ûndersyk, krije jo berjocht wannear't it medysk ûndersyk plakfynt.

Beteljen medysk ûndersyk

Jo kinne it bedrach fan € 48,00 oermeitsje op:

  • IBAN ‘NL82BNGH0285006606’ f.a.n. Gemeente Opsterlân
  • Fermeld by de omskriuwing: GPK + jo namme.

Medysk advys

De keuringsarts bringt, op basis fan it medysk ûndersyk, in advys út oan de gemeente oft jo wol of net in GPK nedich hawwe. Jo krije hjirfan berjocht fan de gemeente.

Ferlinging fan jo GPK

Freegje jo in ferlinging fan de GPK oan? Dan is der yn de measte gefallen net op 'e nij in medysk ûndersyk nedich. Is der wól op 'e nij in medysk ûndersyk nedich? Dan krije jo hjirfan berjocht.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân