Handikapteparkearplak
Hawwe jo in handikap of beheining? Dan kinne jo in parkearplak foar handikapten op kenteken oanfreegje flakby jo hûs. Under it blauwe boerd mei it rolstoelsymboal komt dan in wyt boerd mei it kenteken fan jo reau. Allinnich jo auto of handikaptewein mei hjir stean.
Betingsten
Jo kinne in parkearplak foar handikapten op kenteken oanfreegje as:
- de medyske needsaak dêrfoar oantoand is;
- jo in jildige parkearkaart foar handikapten hawwe;
- jo in auto, brommobyl of handikapteauto hawwe;
- jo geregeld op mear as 100 meter fan jo wenning parkeare moatte om't der tichterby gjin plak is;
- der op jo eigen terrein gjin parkearplak makke wurde kin;
- it te realisearjen parkearplak gjin problemen jout foar de ferkearsfeiligens of ferkearsstream.
Kosten
De kosten foar it oanlizzen fan it handikapteparkearplak op kenteken komme foar jo rekken. Hâld rekken mei in bedrach fan yn elts gefal € 250.
Byzonderheden
Algemien handikapteparkearplak
Oan in handikapteparkearplak op kenteken binne kosten ferbûn. Jo kinne ek in algemien handikapteparkearplak yn jo buert oanfreegje. As de gemeente hjirmei akkoart giet, binne dêr foar jo gjin kosten oan ferbûn. It neidiel foar jo is dat elkenien mei in handikapteparkearkaart dêr parkeare kin.
Oanfraach
Daliks regelje
Hawwe jo in handikapteparkearkaart en wolle jo in handikapteparkearplak op kenteken oanfreegje? Folje dan it formulier 'Oanfraach handikapteparkearplak op kenteken' yn.
Wolle jo melding dwaan fan it ûntbrekken fan in algemien handikapteparkearplak? Folje dan it formulier 'Melding dwaan' yn.
Delkomme
Delkomme by it Gebietsteam kin ek.
Meinimme
- Jildige handikapteparkearkaart.
- Situaasjeskets of foto fan it troch jo winske parkearplak.

