Gemeente helpt ynwenners en ûndernimmers aktyf by bouplannen

De gemeente Opsterlân helpt en ynspirearret ynwenners en ûndernimmers by it meitsjen fan goede bouplannen. De gemeenteried hat hjirfoar saneamde sneltoetskritearia fêststeld. Dêrmei jout de gemeente dúdlikheid en tips oer hoe't lytse bouplannen goed foarmjûn wurde kinne. Troch konkrete oanwizings en handige tips kinne ynwenners dit fluch en maklik foar harren lytse bouplannen tapasse.

Toetsing troch eigen amtners

Fia deselde sneltoetskritearia wurde lytse bouplannen tenei troch amtners sels op wolstân beoardiele. Sy toetse de inisjativen, lykas bygelyks it pleatsen fan in dakkapel of skieding en it bouwen fan in oan-, útbou of bygebou op omjouwingskwaliteit (foarhinne wolstân). Troch de beoardieling sels út te fieren, wurdt tiid besparre en witte yntsjinners gau oft sy mei harren wurksumheden begjinne meie. Earder waard hjirfoar advys frege by wolstânskommisje Hús en Hiem.

“As gemeente wolle wy ús ynwenners flot en effisjint betsjinje. Mei de sneltoetskritearia kinne wy ynwenners foarôf goede ynspiraasje en kaders meijaan foar harren lytse bouplannen. Us meiwurkers binne goed yn steat hjirrop te toetsen en hjir oer yn petear mei ynwenners te gean’’, seit wethâlder Marcel van Opzeeland.

Op de webside fan de gemeente kinne ynwenners en Undernimmers telâne foar al harren fragen oer bouwen en wenjen.

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje?

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân