Gokautomaten pleatse (oanwêzigensfergunning)

It is net samar tastien om in spylautomaat yn jo ynrjochting te pleatsen. Der binne behendichheidsautomaten en kânsspulautomaten. De lêste wurdt ek wol gokautomaat en/of gokkast neamd.

Behendichheidsautomaat

By in behendichheidsautomaat, bygelyks in flipperkast of fideospultsjes, hat de spiler ynfloed op it ferrin fan it spul. In spiler kin by in behendichheidsautomaat allinnich ferlinge spyltiid of in fergees spul winne. Foar dizze automaten is gjin fergunning nedich. Dizze meie pleatst wurde yn leechdrompelige ynrjochtingen (bygelyks snackbars en kantines) en yn heechdrompelige ynrjochtingen (bygelyks restaurant- of kafee-bedriuw).

Kânsspulautomaat

By in kânsspulautomaat hat de spiler gjin ynfloed op de útkomst fan it spul, eventuele winst is tafal. Dizze winst kin bestean út bygelyks: útbetelling fan prizen, wêrûnder de priis om fergees fierder te spyljen. Tink hjirby oan in fruitautomaat. Foar it pleatsen fan dizze automaten is wól in fergunning nedich, de saneamde oanwêzigensfergunning.

In oanwêzigensfergunning kin allinnich ferliend wurde foar kânsspulautomaten yn in saneamde heechdrompelige hoareka. It giet dan om ûndernimmingen dêr't allinnich in restaurant- of kafee-bedriuw útoefene wurdt en dêr't de aktiviteiten foaral op mearderjierrigen rjochte binne. In fergunning kin pas ferliend wurde as jo ek yn it besit binne fan in aktuele alkoholfergunning (op grûn fan artikel 3 fan de Alkoholwet).

Der meie nea mear as 2 automaten pleatst wurde.

Tink derom: freegje de fergunning minimaal acht wiken foar it tiidstip dat de fergunning nedich is oan.

It is altyd mooglik om earst te ynformearjen oft it nedich is om in oanwêzigensfergunning oan te freegjen, mede sjoen jo ynrjochting.

De oanfraach kinne jo rjochtstreeks stjoere nei vergunningen@owo-gemeenten.nl, sadat jo oanfraach daliks ynboekt wurde kin.

Oanfraach

Daliks regelje

Binne jo hoareka-ûndernimmer en wolle jo in kânsspulautomaat pleatse? Folje dan it formulier 'Oanfraach spylautomatenfergunning' yn (boppe-oan dizze side ûnder it kopke 'Daliks regelje'). 

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân