Organisearje jo in aktiviteit dêr't minsken jild foar ynlizze moatte en in priis winne kinne, dan is der sprake fan in kânsspul. Hjirfoar moatte jo op grûn fan de Wet op de kânsspullen (Wok) in fergunning oanfreegje of in melding dwaan.
In stânplakfergunning jout tastimming foar it ferkeapjen en/of oanbieden fan guod, lykas blommen en planten, fisk, oliebollen of tsjinsten, op of oan in iepenbiere wei/plak mei in ferkeapwein, in kraam of in tafel.