As jo in bedriuw hawwe en hjirby in terras hawwe wolle dat op of oan de iepenbiere wei leit, dan mei dit as jo oan de ûndersteande betingsten foldogge.

Betingsten

De betingsten binne ûnder oare:

  • it terras mei net ûnsjoch wêze foar it strjitbyld;
  • it terras mei gjin gefaar of hinder opsmite foar de omjouwing;
  • it terras mei gjin gefaar opsmite foar de ferkearsfeiligens;
  • der moat genôch romte oerbliuwe foar fuotgongers, ynvaliden- en berneweinen.

Foldogge jo net oan dizze betingsten, dan moatte jo in ûntheffing oanfreegje en wurdt besjoen oft jo dochs in terras eksploitearje kinne. Foar ynrjochtings dêr't in Drank- en hoarekafergunning (DHW-fergunning) foar nedich is, moat it terras ek fermeld wêze/wurde yn de DHW-fergunning.

terras

Byzonderheden

De betingsten binne ûnder oare:

  • it terras mei net ûnsjoch wêze foar it strjitbyld;
  • it terras mei gjin gefaar of hinder opsmite foar de omjouwing;
  • it terras mei gjin gefaar opsmite foar de ferkearsfeiligens;
  • der moat genôch romte oerbliuwe foar fuotgongers, ynvaliden- en berneweinen.

Foldogge jo net oan dizze betingsten, dan moatte jo in ûntheffing oanfreegje en wurdt besjoen oft jo dochs in terras eksploitearje kinne. Foar ynrjochtings dêr't in Drank- en hoarekafergunning foar nedich is, moat it terras ek fermeld wêze/wurde yn de DHW-fergunning.

Meinimme

Yn jo oanfraach stiet it folgjende beskreaun:

  • it plak;
  • de data dat it terras iepen is (terrasseizoen);
  • winske iepeningstiden fan it terras;
  • in situaasjeskets.

Dêrnjonken kinne jo it folgjende sjen litte:

  • in hoarekafergunning;
  • in identiteitsbewiis.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen? Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân