Slagget it jo net mear om alle huishâldlike taken te dwaan? Jo hawwe dan miskien wat help nedich.

Hoe bliuw ik sa lang mooglik selsstannich?

Troch beheinings kin it dreger wurde om jo selsstannich te rêden. Ek dan is it wichtich om sa lang mooglik aktyf en yn beweging te bliuwen. Hawwe jo muoite mei rinnen, bûken of jo lykwicht? Dan kinne jo help freegje oan in fysio- of ergoterapeut. Troch training en behanneling kinne jo mooglik wer better leare te bewegen. Binne jo bang om te fallen? Dan kinne jo gebrûk meitsje fan in kursus falprevinsje.

Help by it húshâlden

Slagget it jo net mear om alle húshâldlike taken te dwaan? Jo hawwe dan miskien wat help nedich. Mooglik kinne húsgenoaten, famyljeleden, buorlju of freonen jo helpe. It is faak lestich om dit te freegjen. Faak wolle sy jo wol helpe.
Tink ek ris oan produkten dy't it makliker meitsje om de húshâldlike taken te dwaan. Jo kinne tinke oan in stofsûger mei stâle sadat jo minder hoege te bûken. Of in robotstofsûger sadat jo hast hielendal net mear hoege te stofsûgjen. Ek kinne jo jo ruten lappe mei in teleskoopstâle sadat jo net mear op in keukentrep hoege te stean.
Jo kinne ek gebrûk meitsje fan in partikuliere húshâldlike help, boadskippetsjinst, mieltsjinst en in rutenwasser.

Gebietsteam

Kinne jo sels gjin oplossing fine foar de húshâldlike taken? Dan kin it Gebiedsteam mei jo meitinke. 

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Gebietsteam

Gemeente Opsterlân

Hawwe jo fûn wat jo sochten?