Helpmiddels oanfreegje
Troch beheiningen kin it dreger wurde om jo selsstannich te rêden. Ek dan is it wichtich om sa lang mooglik aktyf en yn beweging te bliuwen.
Hoe bliuw ik sa lang mooglik selsstannich?
As jo muoite hawwe mei (trep)rinnen of fytsen, dan kinne jo help freegje fan in fysio- of ergoterapeut. Troch training en behanneling kinne jo mooglik wer better leare te rinnen of te fytsen. Binne jo bang om te fallen? Dan kinne jo gebrûk meitsje fan in kursus falprevinsje.
Helpmiddels
Bliuwe jo muoite hâlden mei rinnen of fytsen? Kinne jo jo yn 'e hûs hieltyd dreger selsstannich rêde? Miskien hawwe jo dan in helpmiddel nedich.
Hoe kom ik oan in helpmiddel?
Hawwe jo tydlik muoite mei stean en/of rinnen en hawwe jo dêrby in helpmiddel nedich? Jo kinne in helpmiddel fergees seis moannen liene by in thússoarchwinkel en -útlien. Medipoint is sa'n thússoarchwinkel mei in útlien yn Easterwâlde en in winkel yn Drachten. Tink bygelyks oan in rolstoel, heech-leech bêd, po-stoel, persoanealarmering (keatling of earmbân) en dûsstoel.
Hawwe jo bliuwend in helpmiddel nedich? In protte helpmiddels kinne jo sels (twaddehâns) keapje. Wy ferwachtsje fan jo dat jo helpmiddels lykas (wand)beugels, drompelhelps en dûs-/toiletstoelen sels keapje. Mooglik wurdt dit foar in part troch de soarchfersekering fergoede út it basispakket wei. Kinne jo sels gjin oplossing fine? Dan kin it Gebiedsteam mei jo meitinke.
Gean nei de webside fan Medipoint
Rolstoel
Hawwe jo tydlik in rolstoel nedich, dan kinne jo dizze fergees seis moannen liene by in thússoarchwinkel. Op in protte plakken, bygelyks in sikehûs, steane rolstuollen dêr't jo gebrûk fan meitsje kinne. Ek kinne jo sels in rolstoel (twaddehâns) keapje.
Hawwe jo bliuwend en deistich in rolstoel nedich? Dan kin it Gebiedsteam mei jo meitinke foar in passende oplossing.
