Jonkerslân
Jonkerslân leit oan de súdlike râne fan 'e gemeente Opsterlân, oan de dyk fan De Gordyk nei Langezwaag . It doarp hearde earder ta Langezwaag, mar yn 1988 waarden de twa doarpen skieden. Dit makke Jonkerslân ien fan 'e lytste doarpen yn Opsterlân.

Lyts mar aktyf
It doarp is te beskriuwen as in streekdoarp sûnder in dúdlik sintrum. It doarpssintrum wurdt min of mear bepaald troch it plak fan it doarpshûs en de basisskoalle. It lytse doarp hat in aktive befolking. De sa'n 300 ynwenners hâlde mei-inoar 18 ferienings, kommisjes en wurkgroepen yn stân, dy't dwaande binne mei it doarp libben te meitsjen en te hâlden.
Fytsrûtes
Jonkerslân is opnaam yn ferskate fytsrûtes dy't jo troch boskrike gebieten rjochting Beetstersweach of Oranjewâld liede, of troch âlde heide- en feangebieten rjochting Jobbegea en Hoarnstersweach. Besjoch de rûtes om te fytsen op de webside fan Het Andere Friesland.
