Klacht yntsjinje
Binne jo net tefreden oer ús wurk of oer ús gedrach? Jo fine bygelyks dat wy jo net goed ynformearre hawwe of dat in ôfspraak net fluch genôch útfierd wurdt. Miskien binne jo fan betinken dat in meiwurker fan de gemeente jo net fatsoenlik behannele hat. Meld dan jo klacht by ús.
Daliks regelje

Prate helpt
Alderearst is it fansels fan belang om mei-inoar yn petear te bliuwen. Besykje dêrom earst jo problemen út te praten mei de amtner dy't neffens jo ferantwurdlik is. Faak is in flater maklik te ferhelpen. Soms is der sprake fan in misferstân. In goed petear kin jo probleem al út 'e wrâld helpe.
Klacht yntsjinje
Daliks regelje
Slaget it net om yn in petear in oplossing te finen? Dan kinne jo in klacht by ús yntsjinje. Folje dan it formulier 'Klacht yntsjinje' yn. Dit fine jo boppe-oan dizze side ûnder it kopke 'Daliks regelje'. Leaver op in oare wize jo klacht yntsjinje? Dat kin op de folgjende manieren:
- It Publyksintrum belje
- Maile nei klacht@opsterland.nl
- In brief stjoere nei:
Adresgegevens
Gemeente Opsterlân
T.a.f. klachtekoördinator
Postbus 10.000
9244 ZP BEETSTERZWAAG
Ofhanneling fan jo klacht
Goed om te witten
De klachtekoördinator sjocht nei jo klacht en nimt kontakt op mei de juste persoan, ôfdieling of ynstânsje. De klachtekoördinator lost it probleem of konflikt net sels op.
Melding en beswier
Falt jo wat op yn de iepenbiere romte? Bygelyks in losse stoeptegel, yllegale ôffalstoart, fernieling fan in boartersark of in gefaarlike situaasje troch gemeentlike beammen (bygelyks omwaaid of tûken op 'e dyk)? Meitsje der dan in melding fan. As jo it net iens binne mei in beslút fan de gemeente, dan tsjinje jo in beswier yn. It giet dêrby om in beslút dat rjochtstreeks neidielige gefolgen foar jo hat.
Tips
De wet- en regeljouwing oangeande de klachteproseduere fan de gemeente Opsterlân kinne jo ynsjen fia de lanlike foarsjenning www.overheid.nl.
