Karbydsjitten
Karbydsjitten heart foar in protte minsken by âldjiersdei. Om it karbydsjitten sa feilich mooglik ferrinne te litten, is in tal rjochtlinen opsteld.
Daliks regelje

Betingsten
De folgjende regels binne dit jier fan tapassing op it karbydsjitten:
- de lânbesitter moat skriftlike tastimming jaan;
- karbydsjitten is allinnich tastien mei in molkbus en/ of sa'n foarwerp mei in maksimale ynhâld fan 50 liter;
- Sjitten mei karbid is allinnich tastien op âldjiersjûn (31 desimber 2026) tusken 10.00 oere en 18.00 oere ;
- fan de lokaasje wurdt in (aktuele) situaasjetekening fan it terrein oanlevere;
- it plak dêr't sketten wurdt is lein:
- op in ôfstân fan teminsten 75 meter fan wenningen of bebouwing, trochgeande paden of wegen en risikofolle objekten lykas tankstasjons, lpg-tanks en sa mear;
- op in ôfstân fan teminsten 300 meter fan yn gebrûk wêzende foarsjennings foar it hâlden fan bisten;
- de oanfreger en/of kontaktpersoan is goed sichtber en berikber yn ferbân mei in mooglike kontrôle;
- der mei allinnich sketten wurde mei in bal en net mei in molkbusdeksel;
As jo fan doel binne om neist it karbidsjitten in evenemint te organisearjen, ferjit dan net om ek in evenemintfergunning oan te freegjen. Dit kin ek fia de webside.
Oanfraach
Daliks regelje
Wolle jo karbidsjitten op âldjiersdei yn de gemeente Opsterlân? Dan moatte jo in melding dwaan by de gemeente. Om alle meldingen op 'e tiid ferwurkje te kinnen, freegje wy jo om foar 30 novimber, mar uterlik 15 desimber in melding te dwaan.
De 5 tips foar feilich karbidsjitten
Karbidsjitten is in prachtige tradysje dy't njonken it fertroude geknal soarget foar in protte gesellichheid en wille tidens de jierwikseling. Mar wolle jo it gesellich hâlde? Sjits dan foaral feilich!
- Bereid jo goed foar. En ynformearje op tiid by de gemeente nei de betingsten en fergunningen.
- Beskermje josels en oaren. Brûk gehoarbeskerming en draach in feilichheidsbril.
- Soargje foar EHBO. En foar genôch blusmiddels (wetter om te kuoljen, blusdeken) sadat jo goed hannelje kinne, mocht der dochs wat mis gean.
- Brûk goed materiaal. Brûk allinnich in molkbus yn goede steat mei in stevige boaiem. Sjits mei in plestik bal ynstee fan in molkbusdeksel en soargje dat de bus – nei it oanstekken – net efterút sjitte kin.
- Stek it karbid feilich oan. Stek de bus oan mei in fakkel op in stok, wylst jo oan de sydkant fan de molkbus steane. Gean nea op de bus sitten. Soargje dat it publyk op feilige ôfstân is.
