No op Omrop Fryslân: Fryslân Kiest
20.05 oere | 15 maart 2023
Nijsgjirrich nei it ferrin fan de ferkiezings yn de hiele provinsje? Fan 20.00 oere ôf komt Omrop Fryslân live út it Provinsjehûs mei 'Fryslân Kiest' op radio en telefyzje.
Nei't de stimburo's om 21.00 oere slute, komme de tuskenútslaggen en foarriedige einútslaggen. Boppedat jouwe de politisy oan tafel by presintatoaren Andries Bakker en Jan Dirk de Haan harren earste reaksje op de útslaggen.



