Opfang Oekraynske ûtheinen
Op 24 febrewaris 2022 foel Ruslân Oekraïne binnen. Sûnt it útbrekken fan de oarloch binne der in soad minsken op de flecht foar it oarlochsgeweld. Opsterlân is gastfrij en helpt graach mei oan de opfang fan dizze flechtlingen. Lês op dizze side alles oer hoe't de saken regele binne, de lêste ûntwikkelingen oer de opfang, hoe't jo helpe kinne, meast stelde fragen en wêr't jo mear ynformaasje fine kinne.
Aktuele ûntwikkelingen
Ofsluten: Undersyk mooglike nije lokaasje opfang Oekraïne
De gemeente ûndersiket yn Nij Beets oft de lokaasje fan De Jasker geskikt is foar de opfang fan ûtheimde Oekrayners. Mocht dizze lokaasje geskikt wêze, dan ferwachtsje wy dat de lokaasje yn de twadde helte fan 2025 bewenne wurde kin.
Ofsluten: Oplevering apparteminten De Tsjerne -
Oplevering apparteminten De Tsjerne. Húsfesting foar Oekraynske flechtlingen.
Ofsluten: Gemeenteried beslút foar opfang ûntheemde Oekraïners yn de Jasker, Nij Beets -
De gemeenteried hat op 22 april in posityf beslút naam oer de opfang fan Oekraïense flechtlingen yn earder skoalgebou de Jasker yn Nij Beets.
Noch te dwaan: Ferbouwing De Jasker
Ferbouwing fan De Jasker
Underwiis foar bern
Alle bern dy't yn Nederlân ferbliuwe, hawwe rjocht op ûnderwiis. Dit betsjut dat ek Oekraynske bern nei skoalle meie yn Nederlân. De gemeente hat direkt kontakt mei skoallen en stribbet dernei om de bern op de tichtstbye basisskoalle te pleatsen. Op dizze wize hoege se net fier te reizgjen en geane se mei yn de reguliere stream. De bern dy't nei de middelbere skoalle geane, kinne terjochte op de BHS yn De Gordyk.
Wurk
Oekraynske flechtlingen meie betelle wurk dwaan yn Nederlân. Hjir is gjin wurkfergunning foar nedich.
Maatskiplike stipe
Code Hans organisearret de maatskiplike begelieding fan de flechtlingen. Sy soargje foar ynbêding yn de maatskippij. As der fanút de flechtlingen fragen libje, kinne se by de lokaasjekoördinatoaren en Code Hans terjochte.
Fersikerings
Fia de Regeling Medyske soarch Oekraynske Untheemden (RMO) kinne flechtlingen mei in Burgerservicenûmer (BSN) yn Nederlân gebrûk meitsje fan soarch. Foar flechtlingen út de Oekraïne dy't (noch) gjin BSN hawwe, wurdt de soarch fergoede fanút de Subsidieregeling medyske soarch oan ûnfersekere persoanen fanút it CAK.
Dêrneist is der fanút de gemeente in wetlike oanspraaklikheidsfersekering (WA) regele foar Oekraynske flechtlingen dy't yn de gemeentlike opfang ferbliuwe. Oekraynske flechtlingen dy't ferbliuwe yn de partikuliere opfang binne oer it generaal meifersekere ûnder de oanspraaklikheidsfersekering fan it gastgesin.
Libbensjild
Oekraynske flechtlingen meie yn Nederlân oan it wurk en it grutste part hat dêrom ynkomsten út arbeid. Oekraïners dy't gjin ynkomsten ûntfange, hawwe rjocht op libbensjild. As Oekraïners ynkomsten hawwe ûnder de libbensjildnorm, wurdt it ynkommen oanfolle oant ‘libbensjildhichte’. De libbensjildbedragen per moanne binne as folget:
| Bedrach per moanne | ||
| Kleane en oare persoanlike útjeften per persoan | € 62,66 | |
| Gesin fan 1 of 2 persoanen | Iten per folwoeksene of allinnesteande minderjierrige frjemdling (amf) | € 252,18 |
| Iten per minderjierrich bern (net synde amf) | € 210,05 | |
| Gesin fan 3 persoanen | Iten per folwoeksene | € 214,29 |
| Iten per minderjierrich bern | € 178,53 | |
| Gesin fan 4 of mear persoanen | Iten per folwoeksene | € 189,13 |
| Iten per minderjierrich bern | € 157,61 | |
Eigen bydrage
Flechtlingen út Oekraïne mei in baan of eigen ynkomsten moatte fan 1 jannewaris 2025 ôf moanliks meibetelje oan harren opfang yn in gemeente. Sy krije gjin libbensjild mear.
Bydrage leverje?
Wolle jo in bydrage leverje oan de opfang fan Oekraïners yn de gemeente? Dat kin! Jo wurde trochferwiisd nei de folgjende side: Opsterland - Aanmelden Hulp Vluchtelingen Oekraïne - Over dit formulier. Hjir kinne jo jo opjaan om bygelyks frijwilliger te wurden of om opfang oan te bieden.
Fragen en antwurden oer de opfang fan Oekraynske flechtlingen
De gemeente is ferantwurdlik foar de opfang fan Oekraynske flechtlingen. Dizze opfang kin organisearre wurde troch de gemeente, mar ek partikulieren kinne wenromte oanbiede foar de opfang fan flechtlingen. Hjirûnder lêze jo de meast stelde fragen en antwurden oer de opfang fan Oekraynske flechtlingen. As jo noch fragen hawwe oer de opfang fan Oekraynske flechtlingen, dan kinne jo de gemeente maile fia oekraine@opsterland.nl.
Handige ynformaasje
- Jo fine in rykdom oan praktyske ynformaasje oer flechtlinge-opfang op www.opsterlandvooroekraine.nl . Dit is in inisjatyf fan Code Hans.
- Op de webside fan Support Ukrainian Refugees (vluchtelingenwerk.nl) fine jo aktuele ynformaasje foar elkenien dy't flechtlingen stypje wol. De ynformaasjeline 020-300 1414 en it e-mailadres oekraïne@vluchtelingenwerk.nl binne alle dagen beskikber foar Oekraïnske flechtlingen en (partikuliere) helpferlieners.
- RefugeeHelp - Fled from Ukraine is in webside spesifyk foar flechtlingen út Oekraïne, beskikber yn harren eigen taal, Ingelsk en Russysk, om harren te helpen harren wei te finen yn Nederlân.
- Op de webside Opfang fan flechtlingen út Oekraïne | Rijksoverheid fine jo lanlike ynformaasje oer opfang.
