Undersyk grêfmonuminten
De gemeente Opsterlân is eigner fan 6 begraafplakken. Op dizze begraafplakken steane in protte grêfmonuminten dy't fan kultuerhistoaryske wearde binne. De gemeente wol in list meitsje fan dizze weardefolle grêfmonuminten, tegearre mei de minsken dy't rjochthawwende binne. Spitigernôch witte wy fan in tal grêfmonuminten net wa't de rjochthawwende is. Dêrom binne wy op syk nei dizze ynformaasje. Sa kinne wy ús administraasje bywurkje en better soargje foar it behâld fan de weardefolle grêfmonuminten op ús begraafplakken.
Wat is in rjochthawwende
In rjochthawwende is in persoan, of ynstânsje, dy't eigner is fan it grêfrjocht op in grêf en dy't bepaalt wat der mei it grêf barre mei en wa't dêryn begroeven wurde mei. Ek is de rjochthawwende ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan it grêf en it byhearrende grêfmonumint of tinkteken.
Om hokker grêven giet it?
Under oan dizze side steane listen fan alle grêven dêr't by ús de rjochthawwende fan ûnbekend is.
Kontakt
Binne jo of kenne jo de rjochthawwende fan ien fan de grêfmonuminten op de list? Nim dan kontakt op mei de begraafplakadministraasje fan de gemeente. Jo kinne ús belje op (0512) 386 222, in e-mail stjoere nei begraven@opsterland.nl of skriuwe nei:
Gemeente Opsterlân
Begraafplakadministraasje
Postbus 10.000
9244 ZP Beetsterzwaach