Oer sinne, snobberij en stimmen...

16.30 oere | 15 maart 2023

Nei it stimburo wylst it sinneke lekker skynt: it is in moaie dei hjoed! Dat fynt ek boargemaster Lex Roolvink, dy't yntusken werom is yn it gemeentehûs nei syn rûntsje by alle stimburo's lâns. Hy liet op alle lokaasjes in goedfolle koer mei lekkers efter, as tankje foar de stimburoleden.

De 'snobberij' foel ek yn de smaak by de stimmers en de bern dy't mei harren meikamen. En wat wiene der ek in protte jongeren op de stimburo's. Om (foar it earst) te stimmen, mar ek om te helpen. Geweldich! 

Mear liveblogberjochten:

  • Telle, telle en nochris telle

    21.30 oere | 15 maart 2023
    No't de stimburo's sletten binne, geane de stimbussen iepen. De stimbiljetten lizze oer de flier, om dêrnei mei folle omtinken teld te wurden.

  • De stimburo's binne sletten!

    21.00 oere | 15 maart 2023
    It is 21.00 oere en dat betsjut dat de doarren fan ús stimburo's ticht binne en dat stimmen net mear mooglik is. Telle mar!

  • No op Omrop Fryslân: Fryslân Kiest

    20.05 | 15 maart 2023
    Nijsgjirrich nei it ferrin fan de ferkiezings yn de hiele provinsje? Fan 20.00 oere ôf komt Omrop Fryslân live út it Provinsjehûs mei 'Fryslân Kiest' op radio en telefyzje.