Partisipaasje en tsjinprestaasje
Hjir fine jo mear ynformaasje oer wêr't jo telâne kinne foar fragen oer wurk en partisipaasje.
Jo ûntfange in útkearing fan de gemeente Opsterlân en hawwe in fraach
As jo fragen hawwe oer jo re-yntegraasje of help nedich hawwe by it Sykje fan wurk; nim dan kontakt op mei jo klantmanager Wurk. Dit kin fia it algemiene telefoannûmer 0512-386 222 of e-mail werkeninkomen@opsterland.nl. Neam hjirby de namme fan jo klantmanager Wurk, dan komt jo berjocht by jo kontaktpersoan telâne. As jo in útkearing en noch gjin wurk hawwe, freegje wy jo om in tsjinprestaasje te dwaan, yn de foarm fan frijwilligerswurk, mantelsoarch, ensfh.
Jo ûntfange in útkearing fan de gemeente Opsterlân en hawwe in wiziging yn jo situaasje
Tinke jo deroan frijwilligerswurk, staazje, in oplieding of kursus te dwaan; nim dan kontakt op mei jo klantmanager Wurk. Binne der hjirtroch wizigingen yn jo situaasje of hawwe jo wizigingen op it mêd fan ynkommen, wurk of fakânsje; jou dit dan sa gau mooglik troch fia ûndersteand wizigingsformulier.
Jo ûntfange gjin útkearing fan de gemeente Opsterlân en hawwe in fraach
As jo gjin útkearing fan ús ûntfange, mar wol graach help wolle by it Sykje fan wurk of re-yntegraasje dan kin de gemeente mooglik ek help biede. Wy moatte earst jo situaasje witte om te beoardieljen oft wy jo helpe kinne. Wolle jo witte oft jo hjirfoar yn oanmerking komme? Dan kinne jo kontakt opnimme fia it telefoannûmer 0512 - 386 222 of e-mail werkeninkomen@opsterland.nl.
Bedriuwen
Hawwe jo fragen oer it Sykje fan personiel út de Partisipaasjewet wei, dan kinne jo telâne by ús jobhunter fia werkeninkomen@opsterland.nl of it algemiene telefoannûmer 0512-386 222.
Foar mear ynformaasje kinne jo ek sjen op ûndersteande websiden:
De gemeente Opsterland wurket nau gear mei ús sosjaal ûntwikkelbedriuw Caparis. Wolle jo witte wat Caparis foar jo betsjutte kin? Klik op dizze link foar mear ynformaasje: www.caparis.nl
Binne jo wurksykjend of Sykje jo oar wurk? Jo kinne frijbliuwend kontakt opnimme mei It Noarden wurket troch. Elke wurksykjende en organisaasje kin hjir telâne mei syn helpfraach oer wurk en personiel. Fia dizze link kinne jo kontakt opnimme: www.hetnoordenwerktdoor.nl
Op de webside fan Fryslân Wurket kinne sawol wurkjouwers, wurknimmers as wurksykjenden ynformaasje Sykje oer projekten en skoalling yn de arbeidsmerkregio: www.fryslanwerkt.nl
Wolle jo graach mear ynformaasje oer útkearings, fakatuere en tips foar sollisitaasjes? Dan kinne jo sjen op de ûndersteande side fan it UWV: www.werk.nl
