RUFT-regeling
Hawwe jo jonge bern yn 'e luiers? Dan kin it sa wêze dat jo mei de ynfiering fan Diftar+ (fan 1 jannewaris 2026 ôf) mear betelje troch it gewicht fan folle wegwerpluiers. Ta kompensaasje kinne jo gebrûk meitsje fan de RUFT-regeling. Wisten jo dat der foar wegwerpluiers in goed alternatyf is yn de foarm fan waskbere luiers? Dit jout folle minder ôffal en is duorsumer.
Daliks regelje

Betingsten*
- As der sprake is fan in húshâlding mei ien of mear bern yn de leeftiid fan 0 oant en mei 3 jier, kin op fersyk in tegemoetkoming fan € 75,00 (per bern) ferliend wurde.
- Jo komme net yn oanmerking as jo in ûntheffing fan gemeentlike belesting hawwe krigen.
- De tegemoetkoming wurdt jierliks takend en jildt foar de doer fan it belestingjier wêryn't de oanfraach goedkard is.
Jo kinne de folsleine betingsten en kondysjes lêze op overheid.nl
Oanfraach
Jo kinne jo oanmelde foar de RUFT-regeling. It oanfraachformulier is te finen boppe oan dizze pagina ûnder it kopke " Daliks regelje '.
Stap oer op waskbere luiers
Yn Opsterlân wenje sa'n 1.200 bern yn de luierleeftyd. Gemiddeld brûkt elk bern 5.000 wegwerpluiers, wat tegearre goed is foar miljoenen luiers ôffal yn 't jier.
Feiten
- trochsneed 5000 luiers per bern oant 4 jier
- 1.200 bern ≈ 6 miljoen luiers
Waskbere luiers binne in duorsum en komfortabel alternatyf. Se besparje net allinnich ôffal, mar ek jild. Moderne waskbere luiers binne ienfâldich yn gebrûk en te krijen yn leuke kleuren en patroanen.
Foardielen
- Minder ôffal (skeelt 22 m³ per bern)
- Oant €800 goedkeaper
- Minder luierútslach
- Maklik yn gebrûk
