Stânplakfergunning oanfreegje

Wolle jo tsjinsten, guod of iten ferkeapje of oanbiede fanút bygelyks in kraam, wein, stâltsje of in tafel, dan hawwe jo dêrfoar in stânplakfergunning nedich. Dan freegje jo dêrfoar in fergunning oan by de gemeente. Jo meie dan mei jo kraam op in iepenbier plak yn de iepen loft stean.

Ek as jo gebrûk meitsje fan partikuliere grûn moatte jo in fergunning oanfreegje.

Tink der dan om dat jo fan tefoaren wol (skriftlike) tastimming hawwe fan de grûneigner.

Under stânplak wurdt net ferstien:

  • in fêst plak op in (jier)merk (Gemeentewet, art. 160, earste lid, oanhef en ûnder g);  
  • in fêst plak op in evenemint (Apv, art. 2:24).

De gemeente kin wegerje in fergunning ôf te jaan om de folgjende redenen:

  • yn it belang fan de iepenbiere oarder
  • om oerlêst foar te kommen of te beheinen
  • de beskerming fan it uterlik oansjen fan de gemeente
  • de ferkearsfeiligens
  • de doelen fan in bestimmingsplan

Hâld der rekken mei dat jo ek foldwaan moatte oan easken út oare wetten. Tink hjirby oan regels oer bygelyks hinder, oerlêst en hygiëne.

It stânplak kin allinnich foar in bepaalde perioade ôfjûn wurde.

Tink derom: freegje de fergunning minimaal acht wiken foar it tiidstip dat de fergunning nedich is oan.

It is altyd mooglik om earst te ynformearjen oft it sin hat om in stânplak oan te freegjen, mei it each op jo winske lokaasje en al oanwêzige stânplakken.

Boppe-oan de side, by daliks regelje, kinne jo it oanfraachformulier downloade. Dit formulier kinne jo brûke foar de oanfraach. Yn it formulier steane ek de dokuminten dy't by de oanfraach foege wurde moatte om de oanfraach yn behanneling nimme te kinnen. De oanfraach kinne jo rjochtstreeks stjoere nei fergunningen@owo-gemeenten.nl, sadat jo oanfraach daliks ynboekt wurde kin.

Mear ynformaasje fine jo yn it stânplakkenbelied

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân