Subsydzjes monuminten en karakteristike pannen
Monuminten fertsjinje spesjale soarch en omtinken. Om eigners dêrby te stypjen binne der tal fan subsydzjemooglikheden beskikber. Soms binne dizze allinnich foar ryksmonuminten, soms ek of krekt foar gemeentlike monuminten en karakteristike pannen. Ek binne der subsydzjes rjochte op de funksje fan in monumint, lykas agrarysk erfgoed of tsjerken. Jo fine hjirûnder mear ynformaasje oer de mooglikheden.

Gemeentlike monuminten
Dizze subsydzjeregeling is bedoeld foar eigners fan gemeentlike monuminten yn de gemeente Opsterlân.
Subsydzjeregeling gemeentlike monuminten Opsterlân
It doel fan de subsydzjeregeling is om finansjele stipe te bieden foar wurksumheden dy't bydrage oan it behâld en de ynstânhâlding fan gemeentlike monuminten. Jo kinne tinke oan herstelwurk, ferduorsuming of kultuerhistoarysk ûndersyk. Mear ynformaasje oer de regeling.
Fia de ûndersteande knop kinne jo in oanfraach yntsjinje foar de Subsydzjeregeling gemeentlike monuminten Opsterlân.
Finansjele stipe en advys foar monuminten
Monuminte-eigners yn Fryslân hawwe tagong ta ferskate subsydzjes, lieningen en ekspertize:
Stimulearringsregeling foar monuminten
De provinsje Fryslân stelt elk jier dizze regeling fêst. De provinsje jout subsydzje oan ryksmonuminten, gemeentlike monuminten en oan karakteristike pannen (gjin wenhuzen). Mear ynformaasje en hoe't jo dizze subsydzje oanfreegje kinne fine jo op de webside fan de provinsje Fryslân.
Subsydzjeregeling monuminten Fryslân 2025 net-wenhuzen / SUMO (heal juny starte de oanfragen)
De subsydzje is foar natuerlike persoanen en privaatrjochtlike rjochtspersoanen dy't eigner of saaklik gebrûksrjochtige binne fan in monumint. Sy moatte de subsydzjeoanfraach yntsjinje. Eigners fan in wenhûs-monumint kinne gjin subsydzje oanfreegje mei dizze regeling.
Ynstânhâldingssubsydzje ryksmonuminten (Sim)
De Rijksoverheid ferlient dizze subsydzje oan eigners fan ryksmonuminten dy't fan oarsprong gjin wenfunksje hawwe lykas pleatsen, tsjerken, fabriken en mûnen. Mei dizze subsydzje finansierje jo in diel fan it ûnderhâld fan jo monumint. It giet hjirby om sober en doelmjittich ûnderhâld, op basis fan in ynstânhâldingsplan, oer in perioade fan 6 jier.
https://www.cultureelerfgoed.nl/onderwerpen/subsidie-instandhouding-rijksmonumenten
Werbestimmingssubsydzje (momenteel sletten, mooglik yn it neijier wer iepen)
Binne jo eigner fan in bouwurk dat him net maklik lient foar in oare bestimming, lykas in tsjerke, yndustrygebou, skoalle, boereskuorre, kleaster of kastiel? Dan kinne jo mooglik gebrûk meitsje fan de subsydzje foar werynrjochting en dêrnjonken in ferduorsummingsûndersyk.
https://www.cultureelerfgoed.nl/onderwerpen/subsidie-herbestemming-monumenten
Nasjonaal restauraasjefûns
It Nasjonaal Restauraasjefûns wol echt wat betsjutte foar de maatskippij. Wy wolle ympakt meitsje. Al fan ús oprjochting yn 1985 troch it ministearje fan OCW ôf sette wy ús yn foar it stimulearjen fan it herstel en behâld fan monuminten. Hoe't wy dat dogge? Troch te finansieren, gear te wurkjen en kennis te dielen. Wy meitsje it ferskil troch krekt dy monuminte-eigners te stypjen dy't mei ús finansjele stipe yn steat steld wurde om ympakt te meitsjen op minske, monumint en omjouwing.
Subsydzje wenhûsmonuminten (wenhûssubsydzje ryksmonuminten)
Partikuliere eigners fan ryksmonuminten mei in wenfunksje kinne jierliks subsydzje oanfreegje foar de kosten dy't se it foargeande kalinderjier makke hawwe foar it yn stân hâlden fan harren ryksmonumint (wenhûssubsydzje). De Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed (RCE) behannelet de subsydzje-oanfraach.
https://www.cultureelerfgoed.nl/onderwerpen/subsidie-woonhuismonumenten en https://www.cultureelerfgoed.nl/onderwerpen/subsidie-woonhuismonumenten/nieuws/2024/12/04/woonhuisregeling-met-4-jaar-verlengd
Agrarysk erfgoed
Wichtige partners by de ferbouwing of werynrjochting fan agrarysk erfgoed binne de pleatsestiftings. Elke provinsje hat der ien of mear. Sy advisearje net allinnich yn projekten, mar organisearje ek geregeld aktiviteiten om kennis út te wikseljen of foarbyldprojekten ûnder de oandacht te bringen. Alle pleatsestiftings binne feriene yn Agrarysk Erfgoed Nederlân (AEN). Doel fan dizze stifting is kennisútwikseling tusken de regionale en provinsjale pleatsestiftings en mear ynspraak yn it lanlik belied.
It Pleatsenfûns is in lanlik fûns foar it stimulearjen fan werynrjochting. It is opset troch AEN mei stipe fan it ministearje fan OCW en yn gearwurking mei it Restauraasjefûns en de RCE. It fûns kin projekten foar in weardefolle werynrjochting fan agrarysk erfgoed stypje mei kennis en in finansjele bydrage.
Finansieringsmooglikheden foar monuminten
Foar monuminte-eigners binne der ferskate leechrintende lieningen en hypoteek beskikber:
Leechrintende liening fia it Kultuerfûns
It Kultuerfûns, it Nasjonaal Restauraasjefûns en njoggen provinsjes wurkje gear yn de Kultuerfûnsen foar Monuminten. Ut it fûns wurde lieningen mei in lege rinte ferstrekt foar de restauraasje, ferduorsuming en werynrjochting fan gemeentlike en provinsjale monuminten of karakteristike pannen. De Kultuerfûnsen hawwe dêrmei in wichtige rol yn it fersterkjen fan lokaal erfgoed en dêrmei it behâld fan it unike karakter en de identiteit fan regio's. En wurdt in bydrage levere oan it fersnellen fan de enerzjytransysje en wurde monuminten klear makke foar de takomst.
Monuminten-hypoteek
Mei de Monuminten-hypoteek hat it Restauraasjefûns in passende liening foar eltse monuminte-eigner, mits jo jo pân restaurearje, ferduorsumje of in oare bestimming jouwe. Jo kinne dizze hypoteek oanfreegje foar de finansiering fan jo restauraasje, mar ek as oanfoljende finansiering. It makket dus net út oft it in ryksmonumint of in gemeentlik- of provinsjaal monumint betreft. Jo kinne de Monumintenhypoteek ynsette as:
- Restauraasje- en duorsumensfinansiering wannear't jo al de maksimale liening mei lege rinte brûke
- Wannear't jo de restauraasje, ferduorsuming of werynrjochting fan jo gemeentlik monumint finansiere wolle en der gjin mooglikheden binne foar in liening mei lege rinte.
In Monuminten-hypoteek hat trije ôflossingsfoarmen; annuïteit, lineêr en ôflossingsfrij. Foar de Monuminten-hypoteek hantearje wy merkkonforme rintetariven mei de kar om de rinte foar 5, 10 of 15 jier fêst te setten.
https://www.restauratiefonds.nl/particulier/financieren/alle-financieringen/monumenten-hypotheek
Platfoarms en kennisynstânsjes foar monuminte-eigners
Fan advys en ûnderhâld oant ynspiraasje en kennis: ûntdek wat Monumenten.nl, Monumintewacht Fryslân, Steunpunt Monumintesoarch Fryslân, en it Platfoarm Funerair Erfgoed foar jo betsjutte kinne by it behâld fan ús erfgoed.
Wiis yn monumintelân
In monumint keapje, ûnderhâlde of ferduorsumje? Ynspiraasje, praktyske tips, stel jo fraach yn ús Monuminten Mienskip of fyn de juste spesjalist yn de Spesjalistenwizer. www.monumenten.nl
Monumintewacht Fryslân
Wy helpe eigners fan ryksmonuminten, gemeentlike monuminten, byldbepalende of karakteristike pannen, of gebouwen yn in beskerme gesicht by it periodike ûnderhâld fan monuminten yn Fryslân. Wy dogge ynspeksjes, jouwe praktyske tips en advizen en fiere lyts (need)herstel út. En wy monitore de steat fan it erfgoed yn ús moaie provinsje.
Stifting Steunpunt Monumintesoarch Fryslân
It Steunpunt Monumintesoarch Fryslân is in ûnôfhinklike stifting sûnder winsteachmerk. Us doelstelling is “it befoarderjen fan de kwaliteit fan de yntegraale soarch foar ûnreplik kultureel erfgoed yn de provinsje Fryslân”.
Platfoarm Funerair erfgoed
It platfoarm is foar elkenien dy't beropsmjittich of as frijwilliger te krijen hat mei funerair erfgoed. De gearkomsten binne bedoeld om de bekendheid fan funerair erfgoed te fergrutsjen en de lêste ûntwikkelingen en kennis dêrfan te dielen.