Subsydzjes foar monuminten en karakteristike gebouwen

Monuminten fertsjinje spesjale soarch en omtinken. Om eigeners dêrby te stypjen, binne der ferskate subsydzjemogelijkheden beskikber. Soms binne dizze allinnich foar ryksmonuminten, soms ek of krekt foar gemeentlike monuminten en karakteristike panden. Ek binne der subsydzjes rjochte op de funksje fan in monumint, lykas agrarysk erfgoed of tsjerken. Jo fine hjirûnder mear ynformaasje oer de mogelijkheden. 

Gemeentlike monuminten

Dizze subsydzjeregeling is bedoeld foar eigeners fan gemeentlike monuminten yn de gemeente Opsterlân.

Subsidieregeling gemeentlike monuminten Opsterlân

It doel fan de subsidieregeling is om finansjele stipe te bieden foar wurksumheden dy't bydrage oan it behâld en de ynstânhâlding fan gemeentlike monuminten. Jo kinne tinke oan herstelwurk, ferduorsuming of kultuerhistoarysk ûndersyk. Mear ynformaasje oer de regeling.

Fia de ûndersteande knop kinne jo in oanfraach yntsjinje foar de Subsidieregeling gemeentlike monuminten Opsterlân. 

Oanfraach yntsjinje

Finansjele stipe en advys foar monuminten

Monuminteeigeners yn Fryslân hawwe tagong ta diverse subsydzjes, lieningen en ekspertize:

Stimuleringsregeling foar monuminten

De provinsje Fryslân stelt elk jier dizze regeling fêst. De provinsje jout subsydzje oan ryksmonuminten, gemeentlike monuminten en oan karakteristike panden (gjin wenhuzen). Mear ynformaasje en hoe jo dizze subsydzje oanfreegje kinne fine jo op de webside fan de provinsje Fryslân.

Subsidieregeling monuminten Fryslân 2025 net-wenningen / SUMO (heal juny starte de oanfragen)

De subsydzje is foar natuerlike persoanen en privaatrjochtlike rjochtspersoanen dy't eigener of saaklik brûksrjochtige binne fan in monumint. Hja moatte de subsydzjeoanfraach yntsjinje. Eigeners fan in wenhûs-monumint kinne gjin subsydzje oanfreegje mei dizze regeling. 

https://www.fryslan.frl/subsidieregeling-monumenten-fryslan

Ynstânhâldingssubsydzje ryksmonuminten (Sim)

De Rijksoverheid ferlient dizze subsydzje oan eigeners fan ryksmonuminten dy't fan oarsprong gjin wenfunksje hawwe lykas pleatsen, tsjerken, fabriken en mûnen. Mei dizze subsydzje finansierje jo in gedielte fan it ûnderhâld fan jo monumint. It giet hjirby om sober en doelmjittich ûnderhâld, op basis fan in ynstânhâldingsplan, oer in perioade fan 6 jier.

https://www.cultureelerfgoed.nl/onderwerpen/subsidie-instandhouding-rijksmonumenten

Subsydzje foar werbestimming (op it stuit sletten, mooglik yn it neijier wer iepen)

Binne jo eigner fan in bouwwurk dat him net maklik lient foar in oare bestimming, lykas in tsjerke, yndustrygebou, skoalle, boereskuorre, kleaster of kastiel? Dan kinne jo mooglik gebrûk meitsje fan de subsydzje foar werbestimming en as oanfolling hjirrop in ferduorsummingsûndersyk.

https://www.cultureelerfgoed.nl/onderwerpen/subsidie-herbestemming-monumenten

Nasjonaal restauraasjefûns

It Nationaal Restauratiefonds wol echt wat betsjutte foar de maatskippij. Wy wolle ynfloed ha. Al fan ús oprjochting yn 1985 troch it ministearje fan OCW ôf sette wy ús yn foar it stimulearjen fan herstel en behâld fan monuminten. Hoe't wy dat dogge? Troch te finansieren, gearwurkjen en kennisdielen. Wy meitsje it ferskil troch krekt dy monuminteigenaren te stypjen dy't mei ús finansjele stipe yn steat steld wurde om ynfloed te meitsjen op minske, monumint en omjouwing.

www.restauratiefonds.nl

Subsydzje wenhûsmonuminten (wenhûssubsydzje ryksmonuminten)

Partikuliere eigners fan ryksmonuminten mei in wenfunksje kinne jierliks subsidie oanfreegje foar de kosten dy't se it foargeande kalinderjier makke hawwe foar it ûnderhâld fan harren ryksmonumint (wenhûssubsidie). De Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed (RCE) behannelet de subsidieoanfraach.

https://www.cultureelerfgoed.nl/onderwerpen/subsidie-woonhuismonumenten en https://www.cultureelerfgoed.nl/onderwerpen/subsidie-woonhuismonumenten/nieuws/2024/12/04/woonhuisregeling-met-4-jaar-verlengd

Agrarysk erfgoed

Wichtige partners by de ferbouwing of werbestimming fan agrarysk erfgoed binne de pleatsenstiftingen. Eltse provinsje hat der ien of mear. Sy advisearje net allinnich yn projekten, mar organisearje ek regelmjittich aktiviteiten om kennis út te wikseljen of foarbyldprojekten ûnder de oandacht te bringen. Alle pleatsenstiftingen binne ferienige yn Agrarysk Erfgoed Nederland (AEN). Doel fan dizze stifting is kennisútwikseling tusken de regionale en provinsjale pleatsenstiftingen en mear ynspraak yn it lanlik belied.

Het Boerderijenfonds is in lanlik fûns foar it stimulearjen fan werbestimming. It is opset troch AEN mei stipe fan it ministearje fan OCW en yn gearwurking mei it Restauratiefonds en de RCE. It fûns kin projekten foar in weardefolle werbestimming fan agrarysk erfgoed stypje mei kennis en in finansjele bydrage.

Finansieringsmooglikheden foar monuminten

Foar monuminteneigeners binne der ferskate leechrintende lieningen en hypoteken beskikber:

leechrintende liening fia it Kultuerfonds

It Kultuerfûns, it Nasjonaal Restauraasjefûns en njoggen provinsjes wurkje gear yn de Kultuerfûnsen foar Monuminten. Ut it fûns wurde leechrintende lieningen ferstrekt foar de restauraasje, ferduorsuming en herbestimming fan gemeentlike en provinsjale monuminten of karakteristike panden. De Kultuerfûnsen hawwe dêrmei in wichtige rol yn it fersterkjen fan lokaal erfgoed en dêrmei it behâld fan it unike karakter en identiteit fan regio’s. En wurdt in bydrage levere oan it fersnellen fan de enerzjytransysje en wurde monuminten klear makke foar de takomst.

https://www.cultuurfonds.nl/erfgoed-monumentenzorg

Monuminten-hypoteek

Mei de Monuminten-hypoteek hat it Restauratiefonds in passende liening foar iedere monuminteigner, mits jo jo pand restaurearje, ferduorsumje of in oare bestimming jouwe. Jo kinne dizze hypoteek oanfreegje foar de finansiering fan jo restauraasje, mar ek as oanfoljende finansiering. It makket dus net út oft it in ryksmonumint of in gemeentlik- of provinsjaal monumint betreft.  Jo kinne de Monumintehypoteek ynsette as:

  • Restauraasje- en duorsumens finansiering wannear jo al de maksimale leechrintende finansiering brûke
  • Wannear't jo de restauraasje, ferduorsuming of werbestimming fan jo gemeentlik monumint finansierje wolle en der gjin mooglikheden foar in leechrintende finansiering binne.

In Monuminten-hypoteek ken trije ôflossingsfoarmen; annuïtair, lineêr en ôflossingsfrij. Foar de Monuminten-hypoteek hantearje wy merkkonforme rinte tariven mei de kar om de rinte foar 5, 10 of 15 jier fêst te setten.

https://www.restauratiefonds.nl/particulier/financieren/alle-financieringen/monumenten-hypotheek

Platfoarms en kennisynstânsjes foar monuminteneigeners

Fan advys en ûnderhâld oant ynspiraasje en kennis: ûntdek wat Monumenten.nl, Monumentenwacht Fryslân, Steunpunt Monumentenzorg Fryslân, en het Platform Funerair Erfgoed foar jo betsjutte kinne by it behâld fan ús erfgoed.

Wegwizer yn monumintelân

In monumint keapje, ûnderhâlde of ferduorsumje? Ynspiraasje, praktyske tips, stel jo fraach yn ús Monuminten Community of fyn de juste spesjalist yn de SpesjalistenWizer. www.monumenten.nl

Monumintenwacht Fryslân

Wy helpe eigeners fan ryksmonuminten, gemeentlike monuminten, byldbepalende of karakteristike panden, of gebouwen yn in beskerme gesicht by it periodike ûnderhâld fan monuminten yn Fryslân. We dogge ynspeksjes, jouwe praktyske tips en advizen en fiere lyts (need) herstel út. En we monitore de steat fan it erfgoed yn ús moaie provinsje.

https://monumentenwachtfryslan.nl/

Stifting Steunpunt Monumentenzorg Fryslân

It Steunpunt Monumentenzorg Fryslân is in ûnôfhinklike stifting sûnder winstoogmerk. Us doelstelling is “het befoarderjen fan de kwaliteit fan de integrale soarch foar ûnroerend kultureel erfgoed yn de provinsje Fryslân”.

https://www.monumentenzorgfryslan.nl/

Platfoarm Funerêr erfgoed

It platfoarm is foar elkenien dy't beropsmjittich of as frijwilliger te krijen hat mei funerêr erfgoed. De gearkomsten binne bedoeld om de bekendheid fan funerêr erfgoed te fergrutsjen en de lêste ûntjouwings en kennis dêrfan te dielen.

https://www.cultureelerfgoed.nl/onderwerpen/begraafplaatsen-en-grafmonumenten/platform-funerair-erfgoed