Utlien bebuording en beaken

De gemeente Opsterlân ferhiert gjin ferkears- en feilichheidsbuorden mear foar kommersjele of partikuliere eveneminten, lykas wedstriden, merken en beurzen.

Wurksumheden oan de wei

De gemeente Opsterlân ferhiert gjin ferkears- en feilichheidsbuorden mear foar kommersjele of partikuliere eveneminten, lykas wedstriden, merken en beurzen.

Yn it ferline ferhierde de gemeente dizze materialen tsjin lege tariven. Dizze prizen komme net mear oerien mei wat bedriuwen normaal freegje. 

Fierder is it ferhieren fan buorden gjin wettelike taak fan 'e gemeente. Dêrom it beslút om dizze tsjinst te stopjen.

Troch dizze tsjinst te stopjen, krije kommersjele bedriuwen in bettere kâns om har tsjinsten en produkten oan te bieden. Derneist kin de gemeente har better rjochtsje op har eigen taken.

De gemeente makket in útsûndering foar aktiviteiten mei in dúdlik sosjaal karakter. Dit binne nasjonale feestdagen en betinkingsdagen lykas Keningsdei, Betinkingsdei(en) en Befrijingsdei(en).
Dizze dagen drage by oan nasjonale ienheid, kollektive oantinken en in mienskiplike fiering fan frijheid.
 

Om dit te dwaan, folje it formulier op 'e webside yn:
Oer dit formulier | Kontaktformulier kultuer | Opsterlân

De mooglikheid bliuwt om subsydzje oan te freegjen foar eveneminten dy't bydrage oan de leefberens of sosjale gearhing yn in doarp.


Besjoch ús webside hjirfoar:
Subsydzjeregeling Foar ús Doarp | Gemeente Opsterlân

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân