Uittreksel Basisregistraasje Persoanen - BRP

Yn de Basisregistraasje Persoanen (BRP) steane gegevens fan elkenien dy't yn Nederlân wennet of wenne hat. Jo kinne in uittreksel fan dizze persoansgegevens oanfreegje. Dit dogge jo by de gemeente dêr't jo ynskreaun steane. Yn it uittreksel steane yn elts gefal jo namme, berte datum, adres en wenplak. Let op: wy wurkje allinnich op ôfspraak.

Daliks regelje

Oanfraach uittreksel BRP

Let op: de gemeente wurket allinnich op ôfspraak.

Flaggen Opsterland

It uittreksel kinne jo online oanfreegje en per post ûntfange. Delkomme by it Publykssintrum kin ek. Jo kinne it dokumint meastentiids fuortendaliks mei nei hûs nimme. Nim wol in jildich legitimaasjebewiis mei.

Jo kinne in ôfskrift foar in oar oanfreegje. Jo moatte dan wol tastimming hawwe en jo hawwe in kopy fan it legitimaasjebewiis fan de oar nedich.

Binne jo nei it bûtenlân ferfard?

Persoanen dy't nei it bûtenlân ferfard binne, kinne in uittreksel BRP oanfreegje by de Registraasje Net-Ynskreaunen (RNI).

Kosten

SoartePriis
Úttreksel basisregistraasje persoanen (BRP)€ 8,40 

Oare uittreksels

Der binne ek oare ôfskriften út de basisregistraasje persoansgegevens (BRP), lykas:

Let op: in uittreksel út de basisregistraasje persoanen (BRP) is wat oars as in uittreksel út de boargerlike stân.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân