Ferhalen fan de stimburo's

13.15 oere | 15 maart 2023

Op de stimburo's bart hjoed in hiel soad. Guon anekdoates, ferhalen of situaasjes binne sa moai, dat wy se graach even mei jo diele wolle. 

Yn de Skâns kaam bygelyks in hear del dy't spesjaal syn reade stimpotlead fan de foarige ferkiezings meinaam hie. Wa't wat bewarret, dy hat wat ommers. Oer bewarjen sprutsen: by in oar stimburo oerlange in frou de stimpas fan de gemeenteriedsferkiezings. Sy gie werom nei hûs om de juste stimpas te sykje, fûn dizze en kaam werom om dochs noch har stim út te bringen. De oanhinger wint! 

Wy seagen fannemoarn jong en âld foarbykommen yn de stimburo's. By it meitsjen fan wat foto's joech in âldere hear oan dat hy wól op de foto woe, mar allinnich as syn frou der ek by op mocht. En sa barde it...

Mear liveblogberjochten:

  • Noch 1 oere om te stimmen!

    20.00 | 15 maart 2023
    Hawwe jo noch net stimd? Sykje jo stimpas en identiteitsbewiis dan byinoar en gean noch gau nei in stimburo by jo yn de buert. Om 21.00 oere slute de doarren!

  • Besite fan de Kommissaris en de Dykgraaf

    19.00 oere | 15 maart 2023
    Kommissaris fan de Kening Arno Brok en Dykswacht Luzette Kroon besochten oan de ein fan de middei it stimburo yn it Lycklamahûs yn Beetsterzwaag.

  • Oer sinne, snobberij en stimmen...

    16.30 | 15 maart 2023
    Nei it stimburo wylst it sinneke lekker skynt: it is in moaie dei hjoed! Dat fynt ek boargemaster Lex Roolvink, dy't yntusken werom yn it gemeentehûs is nei syn rûnreis by alle stimburo's lâns.