Stimpas, kiezerspas en folmacht

Om stimme te kinnen hawwe jo in stimpas nedich. Uterlik 2 wiken foar de ferkiezing krije jo jo stimpas tastjoerd op it adres dêr't jo ynskreaun steane. Wolle jo bûten Opsterlân jo stim útbringe? Mei in kiezerspas kinne jo yn hiel Nederlân stimme. Kinne jo net sels nei in stimburo komme? Dan kinne jo in oar machtigje. 

Tink derom: in ferfangende stimpas, kiezerspas of folmacht kinne jo online oanfreegje oant uterlik 24 oktober om 16.00 oere. Oan de baly yn it gemeentehûs kin dit oant 28 oktober om 12.00 oere.

Stimpas: nedich om stimme te kinnen

Om stimme te kinnen hawwe jo in stimpas nedich. Uterlik 2 wiken foar de ferkiezing krije jo jo stimpas tastjoerd op it adres dêr't jo ynskreaun steane. Wolle jo bûten Opsterlân jo stim útbringe? Mei in kiezerspas kinne jo yn hiel Nederlân stimme. Kinne jo net sels nei in stimburo komme? Dan kinne jo in oar machtigje. 

Jo kinne mei jo stimpas op alle stimburo's yn Opsterlân terjochte. Hawwe jo gjin stimpas ûntfongen of binne jo de stimpas kwyt? Dan kinne jo in ferfangende stimpas oanfreegje. 

Ferfangende stimpassen kinne noch oant tiisdei 28-10-2025, 12.00 oere persoanlik op it gemeentehûs oanfrege wurde. 

Freegje in ferfangende stimpas oan (net mear mooglik)

Kiezerspas: om yn hiel Nederlân stimme te kinnen

Wolle jo bûten de gemeente Opsterlân stimme? Dat kin. Jo kinne jo stimpas dan omsette yn in kiezerspas. Mei in kiezerspas kinne jo yn hiel Nederlân stimme.

Kiezerspassen kinne noch oant tiisdei 28-10-2025, 12.00 oere persoanlik op it gemeentehûs oanfrege wurde. 

 Freegje in kiezerspas oan (net mear mooglik) 

Folmacht: om in oar út jo namme stimme te litten

Soms kinne jo net sels nei it stimburo, bygelyks troch sykte, fakânsje of wurk. Jo kinne dan in oar foar jo stimme litte. Dit hjit stimme by folmacht. De persoan dy't jo machtigje, kin jo stim allinnich tagelyk mei syn of har eigen stim útbringe. 

Wolle jo immen út de gemeente Opsterlân machtigje? Folje dan de efterkant fan jo stimpas yn en ûnderteken beide. Jou dêrnei jo stimpas oan de machtige. Wolle jo immen bûten de gemeente Opsterlân machtigje? Dan kinne jo klikke op de knop Freegje in folmacht oan.

 Freegje in folmacht oan (net mear mooglik)

Formulier: Fersyk om by folmacht te stimmen

Formulier: Fersyk om in kiezerspas