Ferlof
Lês alles oer ferlof foar learplichtige bern.
Ferlof yntsjinje
Ferlofoanfragen moatte skriftlik en binnen in ridlike termyn by it haad fan de skoalle/ynstelling yntsjinne wurde. Der kinne betingsten steld wurde oan it takennen fan ferlof, bygelyks it efterôf toanen fan bepaalde stikken. De tastimming of ôfwizing moat skriftlik
Alle oanfragen moatte, foarsafier't it ridlikerwize mooglik is, begelaat wurde fan bewysmateriaal.
Beswier meitsje tsjin beslút
Binne jo it net iens mei it beslút fan de skoaldirekteur of de learplichtamtner? Dan kinne jo skriftlik beswier meitsje by dejinge dy't it beslút nommen hat. Ferlof opnommen sûnder tastimming? Ferlof dat opnommen wurdt sûnder tastimming fan de direkteur of learplichtamtner wurdt sjoen as ûnfoechsum skoalferzuim. De direkteur is ferplichte dit oan de learplichtamtner te melden. De learplichtamtner beslist oft der in proses-ferbaal opmakke wurdt.
