Foarriedige útslach Wetterskip

03.15 oere |  16 maart 2023

En ek de foarriedige útslach fan de ferkiezing foar it Wetterskip is der! Mei dizze útslach slute wy ús liveblog foar hjoed ôf. Moarn om 10 oere begjint it sintraal tellen fan de stimmen op kandidaatnivo yn MFC de Wier yn Oerterp. Sadree't de útslaggen dêrfan bekend binne, lêze jo dat wer yn it liveblog en op ús socials. Foar no in goede nacht winske! 

Klik op de tabel om dizze as PDF te iepenjen.

 Utslach per stimburo

Benijd hoe't der yn jo doarp stimd is? Download dan de ûndersteande spesifisearre tabellen. 

Mear liveblogberjochten:

  • De stimburo's binne sletten!

    21.00 oere | 15 maart 2023
    It is 21.00 oere en dat betsjut dat de doarren fan ús stimburo's ticht binne en dat stimmen net mear mooglik is. Telle mar!

  • No op Omrop Fryslân: Fryslân Kiest

    20.05 | 15 maart 2023
    Nijsgjirrich nei it ferrin fan de ferkiezings yn de hiele provinsje? Fan 20.00 oere ôf komt Omrop Fryslân live út it Provinsjehûs mei 'Fryslân Kiest' op radio en telefyzje.

  • Noch 1 oere om te stimmen!

    20.00 | 15 maart 2023
    Hawwe jo noch net stimd? Sykje jo stimpas en identiteitsbewiis dan byinoar en gean noch gau nei in stimburo by jo yn de buert. Om 21.00 oere slute de doarren!