Wy geane wer los!

8.50 oere |  16 maart 2023

Nei in koarte nacht geane wy hjoed wer fol goede moed oan de slach. Wy binne yn MFC de Wier yn Oerterp foar it sintraal tellen fan de stimmen op kandidaatnivo.
 

De seal dêr't dat barre sil, wurdt op dit stuit reemakke. Nei in goede kop kofje geane de hast 50 stammentellers om 10 oere fan start. It tellen is iepenbier. Wolle jo komme te sjen, dan binne jo dus fan herte wolkom!

Mear liveblogberjochten:

  • Foarriedige útslach Wetterskip

    03.15 oere | 16 maart 2023
    En ek de foarriedige útslach fan de ferkiezing foar it Wetterskip is der! Dêrmei slute wy ús liveblog foar hjoed ôf.

  • In earste blik yn de útslaggen

    23.45 oere | 15 maart 2023
    Wylst it tellen by guon stimburo's noch yn folle gong is, binne oaren al klear. Wy jouwe jo alvast in earste blik yn de útslaggen.

  • Telle, telle en nochris telle

    21.30 oere | 15 maart 2023
    No't de stimburo's sletten binne, geane de stimbussen iepen. De stimbiljetten lizze oer de flier, om dêrnei mei folle omtinken teld te wurden.