Wy geane wer los!

8.50 oere |  16 maart 2023

Nei in koarte nacht geane wy hjoed wer fol goede moed oan de slach. Wy binne yn MFC de Wier yn Oerterp foar it sintraal tellen fan de stimmen op kandidaatnivo.
 

De seal dêr't dat barre sil, wurdt op dit stuit reemakke. Nei in goede kop kofje geane de hast 50 stammentellers om 10 oere fan start. It tellen is iepenbier. Wolle jo komme te sjen, dan binne jo dus fan herte wolkom!

Mear liveblogberjochten:

  • Besite fan de Kommissaris en de Dykgraaf

    19.00 oere | 15 maart 2023
    Kommissaris fan de Kening Arno Brok en Dykswacht Luzette Kroon besochten oan de ein fan de middei it stimburo yn it Lycklamahûs yn Beetsterzwaag.

  • Oer sinne, snobberij en stimmen...

    16.30 | 15 maart 2023
    Nei it stimburo wylst it sinneke lekker skynt: it is in moaie dei hjoed! Dat fynt ek boargemaster Lex Roolvink, dy't yntusken werom yn it gemeentehûs is nei syn rûnreis by alle stimburo's lâns.

  • Ferhalen fan de stimburo's

    13.15 | 15 maart 2023
    Op de stimburo's bart hjoed in hiel soad. Guon anekdoates, ferhalen of situaasjes binne sa moai, dat wy se graach efkes mei jo diele wolle.