Wy stappe oer op Diftar+, wat betsjut dat foar jo?
De gemeente hellet jo húshâldlik ôffal op. Jo betelje hjirfoar ôffalstoffenheffing. Yn Opsterlân brûke wy al jierren it systeem ‘Diftar’. Dêrby betelje jo foar in part in fêst bedrach en foar in part per kear dat jo de kontener oan de dyk sette. Dat hjit ‘betelje nei brûken’. Gemeenten as Ljouwert, Eaststellingwerf en It Hearrenfean hawwe al positive ûnderfinings mei in fernijde fariant fan dit systeem, Diftar+. Opsterlân wol dit goede foarbyld graach folgje. Om ôffal better te skieden en minder restôffal oer te hâlden, stapt de gemeente dêrom oer op it nije systeem Diftar+. Yn dit artikel lizze wy út wat dat ynhâldt.
Wat is Diftar+?
By Diftar+ betelje jo foar it gewicht fan it restôffal dat jo oanbiede. Jo betelje in fêst bedrach per jier (foar elke wenning, ek as jo in sammelcontainer brûke) én in bedrach per kilo restôffal. De jiskewein waacht de kontener foar en nei it leechmeitsjen. Sa wurdt berekkene hoefolle kilo jo oanbean hawwe. Dêrneist betelje jo in lyts bedrach per kear dat jo de kontener oan 'e dyk sette. Dit hjit foarridtarif. Wenje jo yn in flat of appartemintekompleks (heechbou)? Dan bliuwe jo beteljen per kear dat jo de klep iepenje fan de ûndergrûnske restôffalcontainer.
Wêrom kiest de gemeente foar Diftar+?
Yn restôffal sitte noch in soad spullen dy't wer brûkt wurde kinne, lykas:
- griente-, fruit- en túnôffal (GFT)
- itenresten
- papier
- tekstyl
- glês
As jo ôffal better skiede, bliuwt der minder restôffal oer. Minder restôffal betsjut: minder kosten foar jo. Sa wurdt miljeubewust gedrach beleanne.
Hoe wurket it beteljen per kilo?
De jiskefetwein hat in ynbygd weachsysteem. De kontener wurdt wogen foar en nei it leechmeitsjen. It ferskil is it gewicht fan jo ôffal. Jo betelje allinnich foar wat jo daadwerklik oanbiede.
Wêrom wurdt plestik net apart ynsammele?
Plestik, metaal en drankkartons (PMD) wurde automatysk troch Omrin út it restôffal helle. Dit is maklik foar jo. In soad minsken fine it lestich om plestik goed te skieden, wêrtroch't der fersmoarging ûntstiet. Fersmoarge ladingen wurde faak noch ferbaarnd. De neiskiedingsynstallaasje fan Omrin hellet plestik betrouberder út it ôffal. Sa kin der mear wurde werbrûkt.
Wannear start Diftar+?
Op 1 jannewaris 2026 start it nije systeem. Nei de simmer ûntfange jo in brief mei útlis oer wat dit foar jo betsjut. Wolle jo no al mear witte? Gean nei:
Faak stelde fragen oer Diftar+




