Folgje de gemeente Opsterlân fia WhatsApp
Wolle jo neat misse fan it nijs út de gemeente Opsterlân? Folgje ús dan fia ús WhatsApp-kanaal.
Folgje ús WhatsApp-kanaal

Sa wurket it:
- Gean nei it WhatsApp-kanaal fan de gemeente Opsterlân. Jo fine it kanaal hjir.
- Klik op ‘Folgje’ om jo te abonnearjen op ús kanaal.
- Jo fine ús berjochten fia it tabblêd ‘Updates’.
Wolle jo ek aktyf meldingen ûntfange by nije berjochten? Rjochtsboppe yn ús kanaal kinne jo oanjaan dat jo meldingen ynskeakelje wolle. Standert stiet dit op gedempt.
Wat kinne jo wol en net dwaan fia ús kanaal?
- Jo kinne net reagearje mei tekst, mar wol mei in emoji.
- Hâld in berjocht yn en kies in emoji om te reagearjen.
- Jo kinne berjochten ienfâldich trochstjoere nei oaren.
Jo privacy bliuwt beskerme
- Wy kinne net sjen wa't ús folget.
- Jo telefoannûmer is foar ús net sichtber.
- Allinnich it tal folgers fan it kanaal is sichtber.
- Mear ynformaasje oer WhatsApp-kanalen kinne jo fine op de webside fan WhatsApp: Oer WhatsApp-kanalen.
In berjocht stjoere fia WhatsApp
Jo kinne ús in berjocht op WhatsApp stjoere fia: 06 12 64 51 55. Wy besykje sa gau mooglik te reagearjen en uterlik binnen 24 oeren.
Let op: Ferstjoer nea privacygefoelige gegevens, lykas jo burgerservicenûmer (BSN), bankrekkennûmers of foto's fan identiteitskaarten of paspoarten fia WhatsApp. De gemeente freget en ferstjoert nea privacygefoelige ynformaasje fia WhatsApp. As útwikseling fan dat soarte ynformaasje nedich is, kom dan del of stjoer ús in mail (feilich maile kin fia Zivver). Yn ús privacyferklearring lêze jo mear oer hoe't de gemeente Opsterlân soarchfâldich om giet mei jo gegevens.
Mear ynformaasje?
