"Wy hâlde fan de rêst, romte en in belutsen mienskip."
Nei tsientallen jierren yn Tynje wenne te hawwen, strieken Andries Idzerda (66, berne yn Tynje) en Reina Gerlofsma (62, berne yn Achlum) yn septimber 2024 del yn De Himrik. Oan de Andryssingel – what’s in a name - fûnen sy in moaie frijsteande wenning, dy't op frijwol alle punten oan harren winskelist foldie. ,,Allinnich de priis wie wat heger, mar we hawwe it hûs dochs mar kocht.’’

Wenje yn in lyts doarp, yn in wat modernere, komfortabelere en foaral enerzjysunigere wenning, frijsteand en mei útsjoch. Mei dy opdracht stjoerden Andries en Reina harren makelder ferline jier op paad. Sels hiene se ek al wat omsjoen, ek bûten Opsterlân. ,,Dat it De Himrik waard, wie tafal.’’
Hawwe jim lang sykje moatten? Hoe gie it proses?
,,It gong frij flot, mar ik fûn it wol spannend’’
Dochs besleaten Andries en Reina te fertrekken. Harren hûs, boud yn 1911, stie krekt bûten it doarp, oan in reedlik drokke wei. Mei in perseelgrutte fan rom 1800 fjouwerkante meter fûnen sy it ûnderhâld hieltyd bewurkliker wurden. Se oriïntearren harren rêstich op oare huzen, mar doe't it hûs yn De Himrik op 'e merk ferskynde, gie it flot. ,,Us bod waard fuortendaliks akseptearre. Wy koene it sûnder betingsten finansiere. Dat wie ús gelok.’’
Binnen twa wiken kochten en ferkochten Andries en Reina in hûs. De wenning yn Tynje waard ferkocht oan in echtpear út it doarp. ,,Sy woene graach fan de buorkerij ôf, sadat ien fan harren soannen de maatskip dêr trochsette koe. En syn jongere broer kaam yn syn hûs telâne. Sa kaam der in moaie trochstreaming ta stân. Boppedat fine wy it moai dat it bewenners út it doarp sels binne dy’t no yn ús âlde hûs wenje.
Binne jim tefreden yn jimme nije wenning?
,,It befalt poerbêst.’’ It hûs is boud yn 1994 en hat de gemakken fan in moderne wenning. De ferhuzing fan it bûtengebiet nei in nijbouwyk ferrûn soepel. It is rêstich, der komt frijwol allinnich bestemmingsferkear. Reina: ,,Wy hâlde fan de rêst, romte en in belusten, lytse mienskip. Yn in grut doarp of stêd wurde wy net lokkich.’’ Der wurdt troch de ynwenners in soad organisearre yn De Himrik. ,,Dat sprekt ús oan.’’ Andries is al benadere foar in bestjoersfunksje fan ien fan de protte ferienings yn it doarp.
Hoe sjocht it wenjen der yn de takomst út?
Andries en Reina sjogge harsels noch in protte jierren wenjen yn De Himrik. Op de ûnderferdjipping hiene de foarige bewenners in sliepkeamer ynrjochte, mar dy is no foaral yn gebrûk as ytkeamer en hobbyromte. Yn de takomst kinne se, as it nedich is, der wer in sliepkeamer fan meitsje.
Foar jongeren is it op de wenningmerk in drege situaasje, sjocht Reina. De prizen geane al inkele jierren oer de kop. ,,Dat is foar harren net op te bringen’’
As âld-beliedsadviseur wenjen fan de gemeente hat Andries fansels syn gedachten oer de hjoeddeistige wenningkrisis. ,,Mar dêr wol ik net tefolle oer sizze.’’ In flugge oplossing leit lykwols net foar it oprêden, wit hy. Ymmers, gemeente, provinsje en de lanlike oerheid, se hawwe der allegear wat oer te sizzen. Boppedat hat de gemeente te krijen mei jildende wet- en regeljouwing. ,,It wichtichste is dat elkenien noflik wenje kin yn Opsterlân. It gefoel is dêrby wolris dûbeld. Wy wolle graach mear en foar eltsenien bouwe, mar wolle ek de romte en ferskaat fan it karakteristike lânskip yn Opsterlân behâlde. Dat lêste leveret nammentlik in grutte bydrage oan it noflik wenjen yn Opsterlân.’’