1. (Fm.) Herfoarme tsjerke

De eardere herfoarme tsjerke leit oan de trochgeande wei yn it doarp Bakkefean. It tsjerkje waard yn 1856 boud yn neoklassisistyske styl. Mei stipe fan de lanlike tsjerke slagge it de hearen L. Brouwer, R. de Jong en Jannes Terpstra om in tsjerke te bouwen. Harren nammen steane werjûn op de gevelstien boppe de yngong oan de foarside, tegearre mei it stiftingsjier fan de tsjerke.

Tsjerkebeskriuwing:

  • Lizzing: Yn doarpkearn
  • Jiertal: 1856
  • Bouwtype: Trijezijich sletten sealtsjerke
  • Oerflak: 148 m2
  • Denominaasje: Nederlânsk herfoarme
  • Hjoeddeistige funksje: Wenje

Skaaimerken fan de tsjerke

Eigner

Partikulier

Adres, postkoade

Tsjerkewâl 8, 9243 JT

Monumintstatus

Gjin

Arsjitekt               

Unbekend

Boustyl              

Neoklassisisme / eklektysk

Nagelfêste objekten

en wandkeunst

Gevelstien mei tekst Hûs Gods

Gevelstien mei ferskate nammen fan belutsenen by de finansiering en bou fan de tsjerke

Begraafplak

Nee

Terrien

Lyts fjouwerkant perseel mei gers. Efterside ôfsletten mei skudddielen.

Berikberens en parkeargelegenheid

Oan trochgeande wei lizzende, maklik te berikken lokaasje. Hiel min parkeargelegenheid

Boarnen

Ryksdienst foar it Kultureel Erfgoed

www.reliwiki.nl

www.orgelsite.nl

www.bakkeveen.nl

Webstee It Keningsfjild

It ferhaal fan de Herfoarme Tsjerke fan Bakkefean

De eardere herfoarme tsjerke leit oan de trochgeande wei yn it doarp Bakkefean. It tsjerkje waard yn 1856 boud yn neoklassisistyske styl. Mei stipe fan de lanlike tsjerke slagge it de hearen L. Brouwer, R. de Jong en Jannes Terpstra om in tsjerke te bouwen. Harren nammen steane werjûn op de gevelstien boppe de yngong oan de foarside, tegearre mei it stiftingsjier fan de tsjerke.

De ienfâldige bakstiennen sealtsjerke hat in trijesidige koarsluting mei yn de sydgevels en oan de efterkant rûnbôgefinsters, in sealtek mei reade panbedekking en in houten geveltoer mei dakruter. De spits is bedutsen mei laaien. Lizenen ferdiele de sydmuorren yn flakken en ek de efterkant befettet lizenen. De yngong, yn rûnbôgefoarm, makket diel út fan it middenrisalyt. Boppe de yngong binne in heal en in hiel rozetfinster oanbrocht. Yn 1950 waard de houten toer ôfbrutsen en ferfongen troch in nij eksimplaar troch oannimmer Offringa út Haulerwyk. Der waard in nije liedklok yn oanbrocht, om't de âlde liedklok yn Dútslân fersmolten waard. De bou fan de toer en de oanskaf fan de nije klok waard mooglik makke troch de finansjele bydragen fan de ynwenners fan Bakkefean. De wynfaan is in hoanne.

It ynterieur fan de tsjerke wie sober. It plafond bestie út in wytfarve tonferwulf mei trekstangen. Oan beide kanten wiene ienfâldige houten tsjerkebanken pleatst mei yn it midden in paad en ferwaarming.

Pas yn 1963 krige de tsjerke in oargel. Foar dy tiid hie men in harmonium, dat op de ‘kreake’ stie. In pear gemeenteleden ûntdutsen dat oargelbouwer Leeflang yn Apeldoarn noch in brûkt oargel

beskikber hie, ôfkomstich út de tsjerke fan Stad oan ’t Haringvliet, Súd-Hollân.

Dit waard oanskaft foar de som fan 6000 gûne. Wol moast it oargel restaurearre wurde, troch lekkage en krimp ferkearde it oargel yn minne steat. Firma Bakker en Timmenga út Ljouwert fierde dit út. It bliek dat der in grutte ferskaat oan materialen en pipen yn it oargel siet. Guon pipen datearren út 1780. De reparaasje koste 30.000 gûne. Ek dit bedrach waard byinoar brocht troch in ynsammelingsaksje. It oarspronklike oargel waard boud troch in Van der Meulen út Gouda, dy't oargels reparearre en stimde.

Yn 2011 waard de tsjerke te keap oanbean yn de Ljouwerter Krante. Yn 2012 waard de lêste tsjerketsjinst hâlden, om't it ledetal te folle ôfnaam. Yn dit jier waard ek it oargel skonken oan it harmoniummuseum yn Paasloo, dêr't it wer folslein opboud waard. Yn 2020 is it oargel ferfierd nei Sint-Petersburch, dêr't it yn de Nederlânske Tsjerke opnij tsjinst docht. Tsjintwurdich is it tsjerkegebou yn gebrûk as wenning.

Lizzing fan de tsjerke

Op dit plak stiet in kaart fan in eksterne webside. Mooglik pleatst dizze webside Cookies. Troch op de knop te klikken akseptearje jo dizze Cookies en wurdt de kaart toand.