Tsjerken yn Opsterlân
Opsterlân hat in ryk tsjerkelânskip. De 33 tsjerken yn Opsterlân binne boud yn ferskate perioaden; der binne in pear midsiuwske tsjerken, achttjinde- en njoggentjinde-iuwske sealtsjerken, mar ek ferskate tsjerkegebouwen út de twadde helte fan de tweintichste iuw.
Hoe is de hjoeddeistige situaasje fan de 33 tsjerkegebouwen dy't Opsterlân ryk is? Hokker tsjerken hawwe in monumintestatus, hokker tsjerkegebouwen hawwe dit net? Foar hokker denominaasjes binne de gebedshuzen oarspronklik boud? Hokker gebouwen hawwe harren religieuze funksje behâlden en hokker leauwensmienskippen meitsje der no gebrûk fan? Hokker funksjes hawwe de tsjerkegebouwen dy't al in nije bestimming krigen hawwe? En hoe is de boukundige steat fan de gebouwen? Op dizze side fine jo in oersjoch fan alle tsjerken dy't de gemeente ryk is en de feiten en sifers fan de tsjerken yn Opsterlân op in rige.
Mear ynformaasje fine jo yn de fisy religieus erfgoed.
































