Op it plak dêr't yn 1978 de Maranathatsjerke fan de grifformeard frijmakke gemeente boud waard, stie earst in kafee mei de namme de Witte Zwaan fan de famylje Kamminga. 

Tsjerkebeskriuwing:

  • Lizzing: Yn de doarpskearn
  • Jiertal: 1978
  • Boutype: Sealtsjerke
  • Oerflak: 169 m2
  • Denominaasje: Grifformeard frijmakke
  • Hjoeddeistige funksje: Wenje

Skaaimerken fan de tsjerke

EignerPartikulier
Adres, postkoadeMerkebuorren 91, 9241 GD
MonumintstatusNee
Arsjitekt                Arsjitekteburo Lautenbach
Boustyl               Utilitair
Fêste objekten en muorkunstGraniten ynmitsele tinkplaat lizzing earste stien 1978.
BegraafplakNee
TerrienRjochthoekich perseel mei foar in part in boekehage en konifearen as erfôffreding. 
Berikberens en parkeargelegenheidBeheinde parkeargelegenheid. De berikberens is goed, leit yn it sintrum fan it doarp.
Boarnen

Ryksdienst foar it Kultureel Erfgoed

Frysk Fotoargyf

www.reliwiki.nl

Foto ynterieur en eksterieur side 2: André van Dijk.

It ferhaal fan de Maranathatsjerke

Op it plak dêr't yn 1978 de Maranathatsjerke fan de grifformeard frijmakke gemeente boud waard, stie earst in kafee mei de namme de Witte Zwaan fan de famylje Kamminga. 

Op 20 april 1953 besleat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders tastimming te jaan oan de ried fan de grifformearde tsjerke te Wynjewâld-Duerswâlde om it pân dêr't it kafee yn fêstige wie, oan it doetiidske adres Duerswâlde 29, te ferbouwen ta tsjerkeseal. It duorre lykwols jierren foardat der daadwerklik in tsjerkegebou kaam en der waard ôfsjoen fan de ferbouwing fan it besteande pân. 

Pas yn 1978 waard der in ferfolch jûn oan it fersyk fan 1953. Der waard opnij in fersyk yntsjinne ta de bou fan in tsjerkeseal. Nei de ôfbraak fan it pân dêr't it kafee yn siet, waard hjir yn 1978 in nij tsjerkegebou boud en yn gebrûk nommen.

De Maranathatsjerke is in sealtsjerke mei bygebou mei dûbele doarren. It bygebou hat in fiiftal ramen yn de sydgevel. Ek efter it haadgebou is noch in lytser bygebou realisearre. De bouw wie yn hannen fan oannimmer Turksma út Zevenhuizen. It pân is optrokken út waalstiennen, mei efterlagen fan bleekgiele Grinslanner stien. Ut it bouplan komt nei foaren dat de spanten fan stiel makke waarden. De fundearring bestiet út kalkstien, de trasramen út klinkers. De dakbedekking fan it sealtek fan it haadgebou en de dakken fan de bygebouwen bestie út swarte dakpannen. De foargevel befettet in fronton mei sydramen en twa langwerpige ramen. Ek yn de rjochter sydmuorre is in trijetal langwerpige ramen oanbrocht.

Yn 2010 bestie it genoatskip út noch mar 40 leden. Nei goed 65 jier waard de tsjerklike gemeente te lyts om selsstannich bestean te kinnen, de leden sleaten har oan by de Gvk Siegerswoude-Frieschepalen.

De tsjerke rekke bûten gebrûk yn novimber 2010 (lêste tsjinst waard holden op 7 novimber 2010) en is dêrnei yn gebrûk nommen as wenning en yn eigendom fan in partikulier. 

Lizzing fan de tsjerke

Op dit plak stiet in kaart fan in eksterne webside. Mooglik pleatst dizze webside Cookies. Troch op de knop te klikken akseptearje jo dizze Cookies en wurdt de kaart toand.