Fisy religieus erfgoed
Fan âlds binne tsjerken in wichtich herkenningspunt yn it lânskip. Tsjerken fungearje al ieuwenlang as in ferbinende skeakel yn de mienskip, yn it doarp en yn stêden.

Fisy religieus erfgoed
Yn maart 2021 hat gemeente Opsterlân besletten te starten mei it opstellen fan in tsjerkefisy. Oanlieding om ta de útfiering fan in tsjerkefisy oer te gean, is it bestean fan in grut tal kultuerhistoarysk weardefolle tsjerkegebouwen yn de gemeente en de winsk de brûksfunksje fan tsjerkegebouwen foar de takomst te behâlden, ûnôfhinklik fan hokker funksje.
Behâld fan tsjerkelânskip
De fisy religieus erfgoed kin handfetten biede foar it behâld of herstel fan tsjerkegebouwen yn Opsterlân en dizze foar takomstige generaasjes feilichstelle. Sa wolle wy it histoaryske en fariearre tsjerkelânskip fan Opsterlân duorsum behâlde.
