Ynformaasje foar tsjerke-eigners

Dizze side jout ynformaasje oer subsydzjes, ynstânsjes en advisearring oan tsjerke-eigeners. 

Duorsumenssubsydzjes

Subsydzjes (gemeente Opsterland)

Fanút gemeente Opsterland binne der twa subsydzjes beskikber:

  • Subsydzjeregeling Tegemoetkoming Enerzjykosten Maatskiplike Organisaasjes: Hawwe jo yn 2022, 2023 en/of 2024 te krijen hân mei hege enerzjykosten, en hat jo organisaasje te krijen (hân) mei in eksploitaasjetekoart yn 2022, 2023 en/of 2024? Dan kinne jo in oanfraach yntsjinje foar in tegemoetkoming yn de hege enerzjykosten. Mear ynformaasje.  (Dizze regeling rint oant 31 desimber 2024).
  • Subsydzjeregeling ferduorsuming maatskiplik fêstgoed Opsterland: Binne jo fan doel om ferduorsumingmaatregels te realisearjen? Mooglik komme jo yn oanmerking foar de subsydzje. Mear ynformaasje. (Dizze regeling rint oant 31 desimber 2025).

Subsydzjes foar ferduorsuming (Toekomst Religieus Erfgoed)

Op de webside fan Toekomst Religieus Erfgoed kinne jo no in útwreide oersjoch fine fan alle mooglike subsydzjes en stimulearringsmaatregels om eigeners te helpen harren tsjerkegebou duorsumer te meitsjen. Sa is it nòch makliker om te ynvestearjen yn duorsumens.

Op dizze side steane 13 nasjonale subsydzjes en maatregels oersichtlik opskreaun plus 12 yngongen nei de 12 provinsjale maatregels: Subsydzjes en stimulearringsmaatregels | Ferduorsumjen | Toekomst religieus erfgoed 

Let op: It provinsjale programma rint oant 1 jannewaris 2025.

Duorsumens by religieus erfgoed (Rijksoverheid)

De Rijksoverheid hat in handich oersjoch mei ynformaasje oangeande it ferduorsumjen fan jo tsjerke. It oersjoch fine jo hjir. 

IMF Ferduorsumjen Mienskipsgebouwen

Yn 2025 is der wer gelegenheid om gebrûk te meitsjen fan dizze subsydzje. Klik hjir foar mear ynformaasje. 

Platfoarm erfgoed & Publyk

Fryslân hat rom 700 tsjerken, 233 dêrfan steane fermeld op www.friesland.nl/kerken (de webside foar bewenners en toeristen fan Fryslân). Dit ûnderdiel fan de webside is ta stân kommen troch in gearwurking fan Merk Fryslân en Stichting Erfgoed & Publyk yn opdracht fan Provinsje Fryslân. Tsjerken kinne sels in akkount oanmeitsje by Friesland.nl en hjiryn (toeristyske) ynformaasje diele. Tink oan adresgegevens, besyktiden, ynformaasje oer it gebou en de skiednis. Mar ek eveneminten en oar oanbod dêr't publyk wolkom is.

Subsydzjeregeling monuminten Fryslân 2024

De provinsje Fryslân stelt yn 2024 € 2.877.300 beskikber foar it werstel fan monuminten yn Fryslân. Eigners fan karakteristike pannen, gemeente- en (griene) ryksmonuminten kinne hjirfoar in oanfraach yntsjinje tusken 16 en 20 septimber 2024. Mear ynformaasje.

Tsjerke-ynterieurs en religieuze foarwerpen

In protte tsjerklik erfgoed wurdt bedrige. Museum Catharijneconvent stiet tsjerken en kleasters dêrom mei rie en died by as it giet om behear en behâld, kulturele weardebepaling, ûntsluting en werynrjochting fan tsjerke-ynterieurs en roerjende religieuze foarwerpen. Sa wurdt der soarch droegen foar it behâld fan wichtich erfgoed. Klik hjir om de side fan Museum Catharijneconvent te besykjen. 

Wizer en mear ynformaasje