Fisy religieus erfgoed
De fisy religieus erfgoed fan gemeente Opsterland rjochtet him op de tsjerkegebouwen dy't oarspronklik boud binne foar religieus gebrûk, wat sizze wol dat in tsjerkegebou yn dizze fisy in gebou is dat troch of yn opdracht fan in religieus genoatskip realisearre is yn it ramt fan it mienskiplik beliden fan it leauwe. De fisy religieus erfgoed giet net allinnich oer werbestimming, mar oer alle situaasjes dêr't tsjerkegebouwen yn telâne komme kinne.
Fan âlds binne tsjerken in wichtich oriïntaasjepunt yn it lânskip. Tsjerken fungearje al iuwenlang as in ferbinende skeakel yn de mienskip, yn it doarpslibben en binnen stêden. Nettsjinsteande de wurdearring dy't der yn de maatskippij bestiet foar de kultureel-histoaryske rykdom fan tsjerkegebouwen binne der ek soargen. Dizze soargen geane benammen oer it fuortbestean fan tsjerkegebouwen. De ûntwikkelingen yn de maatskippij liede ta in weromgong yn it tsjerkebesyk en de belutsenheid by tsjerkegenoatskippen nimt ôf, wêrtroch't der fragen ûntsteane oer it takomstbyld fan tsjerkegebouwen. Tsjerken wurde net allinnich hieltyd leger, ek ynkomsten fan tsjerke-eigeners rinne werom, wêrtroch't it ûnderhâld en it yn stân hâlden fan in tsjerkegebou ûnder druk komt te stean. Sokke faktoaren kinne liede ta de sluting en ôfstjitting fan in tsjerkegebou, en úteinlik sels liede ta sloop. De útdaging foar ús as gemeente en maatskippij is derfoar te soargjen dat de tsjerkegebouwen in duorsum plak bliuwe dêr't wy hinne geane foar ynspiraasje, besinning en moeting.
