Troch de iuwen hinne binne tal fan tsjerkegebouwen yn Nederlân ôfbrutsen of ferdwûn, ek yn gemeente Opsterlân. Yn Opsterlân hawwe op syn minst 15 midsiuwske tsjerken stien, sa docht bliken út de kapellenlist fan 1315.

Fan de midsiuwske tsjerken binne allinnich de Petruskerk yn Oerterp, de Sint Hippolytustsjerke fan Olterterp en de Sint Janskerk fan Duerswâld noch bewarre bleaun. Fan guon fan de ferdwûne tsjerken binne lykwols wol spoaren oerbleaun. Dizze binne soms ûnsichtber foar de bûtenwrâld, lykas in opnij brûkte fundearring ûnder in tsjerkegebou, mar yn inkele gefallen ek krekt hiel sichtber, lykas tûfstiennen dy't ferwurke binne yn de bûtenmuorren.

Boumaterialen of fundearrings fan stiennen tsjerken waarden geregeld opnij brûkt foar in nij tsjerkegebou. Inkele foarbylden hjirfan binne de Wite Tsjerke oan de Binnenwei yn Himrik, de Sint Martenstsjerke fan Beetstersweach en de tsjerke fan Wynjewâld oan de Tsjerkereed yn Wynjewâld. De achttjinde-iuwske Wite Tsjerke is foar in part opset op de âldere fundearrings fan in eardere, oan Sint Andreas wijde midsiuwske tsjerke dy't op deselde lokaasje stie. Yn de tsjerkemuorren binne boppedat kleastermoppen oantroffen fan in mooglike foargonger. Op de tsjerkeheuvel fan Wynjewâld hawwe twa opienfolgjende tsjerken stien. De hjoeddeistige tsjerke fan Wynjewâld, boud yn 1778, waard optrokken út stiennen dy't ôfkomstich wiene fan de âldere tsjerke. Ek de noch besteande letgoatyske fyftjinde-iuwske tsjerke fan Duerswâld waard boud mei âldere kleastermoppen, wêrfan't it komôf net hielendal wis is.

Yn de fisy religieus erfgoed en op de ûndersteande kaart stiet in oersjoch fan alle tsjerken dy't de lêste 150 jier ferdwûn binne. 

Fisy religieus erfgoed

Boppe: It Houten Himeltsje te Nij Beets. Under: Doopsgesinde tsjerke te Lippenhuzen

Ferdwûne tsjerken

Op dit plak stiet in kaart fan in eksterne webside. Mooglik pleatst dizze webside Cookies. Troch op de knop te klikken akseptearje jo dizze Cookies en wurdt de kaart toand.