De earste tsjerke fan Lippenhuzen waard nei alle gedachten yn de fjirtjinde iuw of wat earder boud, om't Lippenhuzen neamd wurdt yn de kapellelist fan 1315, dêr't alle tsjerken op neamd waarden dy't ûnder it distrikt Bornego foelen, dêr't ek Lippenhuzen ta hearde. Dizze tsjerke stie op in ferhege omheind tsjerkhôf en hie gjin toer. Lippenhuzen wie oant 1566 katolyk. 

Tsjerkebeskriuwing:

  • Lizzing: Yn doarpkearn
  • Jiertal: 1743
  • Boutype: Sealtsjerke
  • Oerflak: 258 m2
  • Denominaasje: Protestantsk
  • Hjoeddeistige funksje: Religieus (PKN)

Skaaimerken fan de tsjerke

EignerTsjerkegenoatskip
Adres, postkoadeDe Buorren 30, 8408 HH
MonumintstatusRyksmonumint nûmer 31859
Arsjitekt                Unbekend
Boustyl               Neoklassisisme / eklektysk
Fêste objekten en muorkunstGevelstiennen mei jiertallen op foargevel. Buorden mei oersjoch fan predikanten. 
BegraafplakJa
TerrienFerhege terrein, fjouwerkant perseel ôfsletten troch hekwurk. Omjûn troch beukehage. Rûnom terrein ûndjippe sleat. Lâns in diel fan de hage ikebeammen en oare beammen. 
Berikberens en parkeargelegenheidSintraal yn it doarp lein mei goede berikberheid. Parkeargelegenheid lâns de trochgeande wei is beheind. Op in pear minuten rinfjinstân wol parkeargelegenheid.
Boarnen

Ryksdienst foar it Kultureel Erfgoed

www.piterkerklippenhuizen.nl

SA! Media

www.kerkenorgel.nl

It ferhaal fan de Piterkerk

De earste tsjerke fan Lippenhuzen waard nei alle gedachten yn de fjirtjinde iuw of wat earder boud, om't Lippenhuzen neamd wurdt yn de kapellelist fan 1315, dêr't alle tsjerken op neamd waarden dy't ûnder it distrikt Bornego foelen, dêr't ek Lippenhuzen ta hearde. Dizze tsjerke stie op in ferhege omheind tsjerkhôf en hie gjin toer. Lippenhuzen wie oant 1566 katolyk. 

Yn 1743 waard der in nije tsjerke boud troch oannimmer Albert Tjebbes, listmakker Coop Berents en glêsmakker Pier Wijtses Madhuysen ta ferfanging fan de foargonger. De hjoeddeistige tsjerke is ûntstien yn 1860 út werbou fan de tsjerke út 1743. De Piterkerk is in sealtsjerke mei in trijesidige koarsluting. It tsjerkegebou hat healrûne sletten finsters yn troch lizenen foarme spaarfjilden. 

De tsjerke hie yn earste ynstânsje noch gjin toer. De geveltoer mei in naaldspits waard yn 1862 tafoege foar 2221 gûne en 22,5 sint. It ûnderste diel fan de toer dêr't it oerwurk pleatst is, bestie eartiids út hout, mar is yn 1930 ferfongen troch leien. Yn dit jier waard ek de westlike gevel restaurearre. 

Mei it oanbringen fan de toer waard der in oerwurk tafoege oan it gehiel. De tsjerkfâden kochten in brûkt, meganysk oerwurk fan baronesse Van Lynden foar 300 gûne, dat troch de Lippenhúster klokmakker Snoek yn de toer befêstige waard. Klokmakker Van Bergen levere de nije klok. Yn de Twadde Wrâldoarloch waard de klok meinommen troch de besetter. Yn 1949 is der in nije klok kocht mei jild dat byinoar brocht waard troch ferskate aksjes. Oan elke side fan de toer sitte galmgatten. De wynwizer op de toer is in hoanne, krekt as de wynwizer op it dak fan it skip.   

Yn de Piterkerk stiet in ienklaviersoargel út 1859, makke troch Van Dam en soannen út Ljouwert. De hearebank hat wapens en trije koperen kroanen. De preekstoel is santjinde-iuwsk, mei trep, achterskot en klankboerd, útfierd mei houtsnijwurk. Dizze komt út de eardere tsjerke en is nei alle gedachten om 1660 hinne makke. 

De kroanluchters waarden oanskaft yn 1866 foar de jûnsgodstsjinsten. Se waarden makke troch in Adriani út Ljouwert. Yn 1931 binne se geskikt makke foar elektrysk ljocht. It plafond fan de tsjerke befettet gipsornaminten yn in barokpatroan. Yn 1968 waard it ynterieur fan de tsjerke opknapt. Under de flier leine 9 grêfstiennen, wêrfan't 5 yn goede steat blieken te wêzen. Dizze binne oan de koarside foar de fêste banken lein. Yn de tsjerke hingje buorden dêr't de nammen fan de foargongers op opsomd steane. 

Yn 2015 is der ek in útwreide restauraasje útfierd, mooglik makke troch stipe út it doarp middels sponsoraksjes. It oargel waard opknapt. Der waard ynset op multyfunksjoneel gebrûk fan it gebou. Der kaam in toilet en keuken, en ek in CV-ynstallaasje. Ek waard der in poadium tafoege. Tsjintwurdich is de tsjerke yn gebrûk as multyfunksjoneel sintrum en wurde der tige geregeld konserten hâlden. Ek wurket de Protestantske Gemeente Lippenhuzen/De Himrik sûnt jannewaris 2021 gear mei de PKN-gemeente fan De Gordyk. Der wurdt moanliks in tsjerketsjinst hâlden yn de Piterkerk. Ek is de tsjerke yn de simmermoannen iepensteld yn it ramt fan Tsjerkepaad.  

Lizzing fan de tsjerke

Op dit plak stiet in kaart fan in eksterne webside. Mooglik pleatst dizze webside Cookies. Troch op de knop te klikken akseptearje jo dizze Cookies en wurdt de kaart toand.