De Mande is in modern tsjerkegebou sûnder toer, dat oan de râne fan Bakkefean stiet, oan de trochgeande haadwei. 

Tsjerkebeskriuwing:

  • Lizzing: Oan râne fan doarp
  • Jiertal: 1961
  • Bouwtype: Trijezijich sletten sealtsjerke
  • Oerflak: 749 m2
  • Denominaasje: Grifformearde Tsjerke yn Nederlân
  • Hjoeddeistige funksje: Religieus/PKN

Skaaimerken fan de tsjerke

EignerTsjerkegenoatskip 
Adres, postkoadeTsjerkewâl 20, 9243 JT
MonumintstatusGjin
Arsjitekt                H. van Hunnik
Boustyl               Modernisme/weropbou

Nagelfêste objekten 

en wandkeunst

Stiftingsstien út 1962
BegraafplakNee
TerrienOan krúspunt lizzend perseel mei beheinde parkearromte en gersfjild.
Berikberens en parkeargelegenheidGoede berikberheid by trochgeande wei lâns. Parkearromte wat beheind.
Boarnen

www.reliwiki.nl

www.orgelsite.nl

www.bakkeveen.nl

Webstee It Keningsfjild

It ferhaal fan De Mande 

De Mande is in modern tsjerkegebou sûnder toer, dat oan de râne fan Bakkefean stiet, oan de trochgeande haadwei. 

De tsjerke wie de opfolger fan in âlder grifformeard evangelisaasjegebou. Yn 1959 makken de grifformearde ynwenners fan Bakkefean bekend by de klassis dat sy in eigen tsjerke hawwe woene. Oant dy tiid besochten sy de tsjerke yn Duerswâld. Dizze oardiele posityf oer it fersyk. Op 28 april 1962 waard de earste stien lein troch dû. De Jong, sa't ek de yn de muorre mitsele stiftingsstien sjen lit. De tsjerke waard yn datselde jier yn gebrûk nommen. 

It tsjerkegebou is ûntwurpen troch arsjitekt H. van Hunnik en waard foar in part betelle troch leauwensgenoaten út de provinsje. 

It ûntwerp fan it gebou kin rekkene wurde ta de weropbou-arsjitektuer en it modernisme. It tsjerkegebou bestiet út twa dielen, dy't heaks opinoar oansletten binne, beide mei in plat dak. Yn it heger boude diel fynt de tsjerketsjinst plak. It tsjerkegebou is mitsele mei giele en brúnreade bakstien. Oan de lange side fan it hegere diel fan de tsjerke is in mitselpatroan mei reliëf ferwurke yn de muorre yn in lichtere bakstienkleur. Dit patroan komt ek werom yn it ynterieur. 

Foar de tsjerke, tichtby de yngong, is in op beton en bolstiennen mitsele sokkel mei dêrop in swerfstien pleatst. Dêryn gravearre stiet ‘Geref. Tsjerke’.

De ljochtynfal yn de tsjerkezaal komt fanút ferskate raampartijen. In raampartij is horizontaal en direkt ûnder it dak pleatst. De raampartij oan de side dy't dêr tsjinoer pleatst is, rint fan it dak oant de grûn. It plafond bestiet út hout, de ferljochting út spots. 

It ynterieur bestie earder út in grut tal efterinoar pleatste tsjerkebanken. Dizze binne letter ferfongen troch lossteande stuollen. 

Ta it ynterieur hearre in doopfont en in elektrysk oargel fan Monarke, dat berikber is fia in trep. De lûdsprekkers fan it elektryske oargel binne pleatst yn de oargelkast.

De Mande wurdt brûkt foar tsjerketsjinsten en oare religieuze doelen. 

Lizzing fan de tsjerke

Op dit plak stiet in kaart fan in eksterne webside. Mooglik pleatst dizze webside Cookies. Troch op de knop te klikken akseptearje jo dizze Cookies en wurdt de kaart toand.