26. (Fm.) Herfoarme tsjerke

De eardere herfoarme tsjerke fan Tynje is in ienfâldich sealtsjerkje sûnder toer, boud om 1890 hinne of yn 1907-1908: it krekte boujier is net hielendal dúdlik. It rjocht sletten tsjerkegebou waard oarspronklik oplutsen út brune bakstien, mar de muorren binne yn in letter stadium allegear bepleistere. 

Tsjerkebeskriuwing:

  • Lizzing: Yn de doarpskearn
  • Jiertal: 1907-1908
  • Boutype: Sealtsjerke
  • Oerflak: 175 m2
  • Denominaasje: Nederlânsk Herfoarme
  • Hjoeddeistige funksje: Wenje

Skaaimerken fan de tsjerke

EignerPartikulier
Adres, postkoadeRiperwei 10, 8406 AJ
MonumintstatusNee
Arsjitekt                Unbekend
Boustyl               Tradisionalisme
Fêste objekten en muorkunstStiennen fontein mei ingels en mozaïek oan foargevel (net oarspronklik).
BegraafplakNee
TerrienRjochthoekich perseel mei sleat as hiemskieding foar efterlizzend boskterrein.
Berikberens en parkeargelegenheidBeheinde parkearmooglikheid. Berikberens is reedlik, oan in trochgeande haadwei binnen it doarp
Boarnen

Ryksdienst foar it Kultureel Erfgoed

Frysk Fotoargyf

www.reliwiki.nl

Rapport Werbrûk Fryske Tsjerken 2012 Provinsje Fryslân.

Haadfoto: Google Maps

It ferhaal fan de (Fm.) Herfoarme tsjerke

De eardere herfoarme tsjerke fan Tynje is in ienfâldich sealtsjerkje sûnder toer, boud om 1890 hinne of yn 1907-1908: it krekte boujier is net hielendal dúdlik. It rjocht sletten tsjerkegebou waard oarspronklik oplutsen út brune bakstien, mar de muorren binne yn in letter stadium allegear bepleistere. 

De sydmuorren hawwe in pear rûnbuogruten mei roedferdieling. De bepleistere foargevel befettet ek trije rûnbuogruten fan itselde formaat, wêrfan ien boppe de yngong. De rûnbuochdoar yn de foargevel wurdt omjûn troch in fronton. Op de hoeken fan de foargevel lisenen dy't trochrinne yn it listwurk. It sealdek is bedutsen mei swarte dûbel golvende dakpannen. Sawol op de foarste nok as ein nok wynfanen oanwêzich mei siersmeiwurk. 

Op 17 desimber 1995 waard der in slottsjinst hâlden. De tsjerke waard foar 50.000 gûne ferkocht oan in partikulier en it grutste part fan de tsjerklike ynterieurstikken krigen in nije bestimming yn oare tsjerken. Op 27 desimber 1995 waard der in oanfraach dien ta it ferbouwen fan de tsjerke ta wenning. It gebou ferkearde yn minne steat. 

Yn 1996 waard der start mei de ferbouwing nei in ûntwerp fan Janpiet Nicolai fan arsjitekteburo Skets út Grins. Der waard in efteryngong makke yn de eftergevel en it dak waard foarsjoen fan in pear dakruten. Ek waard der in kelder ûnder it pân realisearre. Yn 2005 hawwe nije eigners ferfiningen oanbrocht yn it ynterieur. Yn 2007 waard der in berging oan it gebou tafoege. De tsjerkezaal is foar in part ferdield yn ferskate romten troch wanden en in tuskenflier.

Lizzing fan de tsjerke

Op dit plak stiet in kaart fan in eksterne webside. Mooglik pleatst dizze webside Cookies. Troch op de knop te klikken akseptearje jo dizze Cookies en wurdt de kaart toand.