27. Sint Petrutsjerke

Tsjerkebeskriuwing:
- Lizzing: Bûten de beboude kom
- Jiertal: ± 1250
- Boutype: Sealtsjerke
- Oerflak: 294 m2
- Denominaasje: Nederlânsk Herfoarme (oarspr.)
- Hjoeddeistige funksje: Religieus
Skaaimerken fan de tsjerke
| Eigner | Tsjerkegenoatskip |
| Adres, postkoade | Selmien East 47, 9247 TT |
| Monumintstatus | Ryksmonumint nûmer 31865 (tsjerke) en 31866 (toer) |
| Arsjitekt | Unbekend |
| Boustyl | Romaansk |
| Fêste objekten en muorkunst | Net oanwêzich. |
| Begraafplak | Ja |
| Terrien | Troch beukehage omjûn L-foarmich terrein mei kuierpaden troch it tsjerkhôf. Klokkestoel. |
| Berikberens en parkeargelegenheid | Beheinde parkearmooglikheid. Berikberens is reedlik, oan in trochgeande haadwei binnen it doarp |
| Boarnen | Ryksdienst foar it Kultureel Erfgoed Webstee Protestantske Gemeente It Keningsfjild Webstee Boubedriuw Swart Eastermar Webstee Pim van Dijk Designs |

It ferhaal fan de Sint Piterstsjerke
De Sint Piterstsjerke, westlik fan it doarp Oerterp op in sânrêch lein, waard om 1250 hinne boud as katolike tsjerke troch de sistersjinzers. Sy bouden fanút kleaster Mariëngaarde by Hallum op ferskate plakken yn Fryslân tsjerken en úthôven. Nei de reformaasje yn 1580 waard it in protestantske tsjerke. De Sint Piterstsjerke is in ienbeukige rjocht sletten sealtsjerke mei in ûnferdielde, swiere westtoer. De toer datearret, krekt as de súdwand, út de trettjinde iuw. De toer hat gjin fûneminten, mar is los pleatst op in bult sân. Troch de tsjokte fan de muorren, ûnder 160 sm en boppe 70 sm tsjok, koe de toer iuwenlang yntakt bliuwe. Yn it muorrewurk binne ljochtspleten oanbrocht en boppe-yn hat elke side in rûnbôgich galmgatpear. It sealdak fan de toer is bedutsen mei dakpannen mei dêrop in wynwizer yn de foarm fan in hynder. Oan de binnenkant stiet de yngong nei de toer yn in spitsbôchnis mei oan wjerskanten rûnbôchnissen. Yn de hoeken fan de benedenromte binne noch restanten fan in koepelgewelf sichtber troch de muralen (bôge tusken twa gewelfflakken) en pendentiven (boldriehoek dy't de romte ferbynt mei in rûne koepel). It traliewurk yn de doar dy't liedt nei de benedenromte toant dat dizze brûkt waard as tsjerker. Tusken sawat 1600 en 1766 hongen der twa lûdklokken yn de toer.
Troch de minne steat fan de toer waard yn 1766 besletten in klokkestoel te pleatsen, dy't earst foaroan by de lytse yngong stie. Letter waard dizze efter de tsjerke pleatst fanwegen klachten oer op hol slaande hynders troch it lûd. Sûnt 2008 is de klokkestoel yn besit fan gemeente Opsterlân. De tsjerke hat ferskate feroarings ûndergien. Oarspronklik waard de tsjerke boud mei grutte Fryske reade kleastermoppen. Grutte dielen fan de tsjerke waarden
om 1800 hinne fernijd. De noardmuorre, mei waalstiennen beklaaid, bestiet út brede, troch lisenen skieden fakken, mei elk in rûnbôgefynster mei in fine roedferdieling. Oan de westkant befynt him in ferdjippe, rûnbôgige yngong mei dûbele doar. Oan de eastlike kant fan de muorre sit in tichtmitsele yngong en der siet in rûnbôgige iepening; wierskynlik giet it om in hagioskoop (in iepening dy't leger pleatst is as de oare finsters foar ekstra ljochtynfal of bedoeld om tsjerkegongers sicht te jaan op bysûndere foarwerpen of hannelingen). Boppe-yn de muorre is in profilearre stiennen goatlizze sichtber dy't oan de westlike kant einiget yn in nije, klassyk útsjende, kroanlist. Oan de binnenkant is de nisseferdieling likegoed sichtber.
Yn 1913 waard de tsjerke restaurearre. Yn de jierren ’50 is de toer restaurearre en is doe wer mei de oarspronklike kleastermoppen yn âlde steat werombrocht, al binne der dielen ûnderyn dy’t reparearre binne mei lytse brune bakstiennen. Ek yn 2014 hat der in restauraasje plakfûn, wêrby’t ek it ynterieur meinaam is. It plafond is flak en fan hout. Ek de flier is foar it grutste part fan hout. Op hichte fan it koar is de flier betegele mei dêryn trije grêfstiennen. De banken binne ferskate kearen ferpleatst.
De ynventaris bestiet ûnder mear út in santjinde-iuwske ikehouten preekstoel mei moai houtsnijwurk en trije bysûndere predikantbuorden yn art-deco styl. De preekstoel is in pear kear ferpleatst en stiet sûnt 1887 op it hjoeddeistige plak. Doe is ek yn de rjochte eastlike muorre in grut neogoatysk spitsbôgeraam pleatst. It oargel is boud yn 1904 troch de firma Bakker & Timmenga út Ljouwert en ûndergie yn 1980 in restauraasje.
De tsjerke wurdt brûkt foar religieuze aktiviteiten.