12. Kristus Ljocht fan de wrâld

De earste lokaasje fan de katolike leauwensmienskip fan De Gordyk lei oan de Brouwerswal, dêr't de katolike mienskip fan 1956 ôf in pakhûs hierde as tsjerkeromte. Yn 1957 wurdt de stasje De Gordyk in úthôf fan it Fransiskaner kleaster yn Drachten. De mienskip en kapel yn it pakhûs krije Sint Paulus as patroan.

Tsjerkebeskriuwing:

  • Lizzing: Yn wenwyk
  • Jiertal: 1967
  • Boutype: Sealtsjerke
  • Oerflak: 524 m2
  • Denominaasje: Roomsk Katolyk
  • Hjoeddeistige funksje: Religieus

Skaaimerken fan de tsjerke

EignerTsjerkegenoatskip
Adres, postkoadeCompagnonsstrjitte 102a, 8401 RV
MonumintstatusGjin
Arsjitekt                H.J. van Wissen
Boustyl               Modern eklektysk
Fêste objekten en muorkunstStien mei tekst út 1 Petrus 
BegraafplakNee
TerrienLang en smel perseel yn beboude kom. Op in diel fan de trijehoek in klokkestoel.
Berikberens en parkeargelegenheidGoede berikberheid oan trochgeande wei tichtby it sintrum. Der is genôch parkeargelegenheid yn de wenwyk.
Boarnen

www.claravanassisi.nl

www.kerkfotografie.nl

www.kerkeninbeeld.nl

It ferhaal fan Kristus Ljocht fan de wrâld

De earste lokaasje fan de katolike leauwensmienskip fan De Gordyk lei oan de Brouwerswal, dêr't de katolike mienskip fan 1956 ôf in pakhûs hierde as tsjerkeromte. Yn 1957 wurdt de stasje De Gordyk in úthôf fan it Fransiskaner kleaster yn Drachten. De mienskip en kapel yn it pakhûs krije Sint Paulus as patroan.

Op 7 desimber 1962 wurdt de úthôf ferheft ta rektoraat fan de parochy Hearrenfean en yn 1966 ferhefte de biskop de mienskip ta Parochy-fikary. Yn dit jier wurdt start mei de bou fan in parochytsjerke. Op 26 augustus 1967 wurdt de tsjerke ûnder grutte belangstelling yn gebrûk nommen. By de ynwijing kriget de nije tsjerke de namme Kristus, ljocht fan de wrâld. De tsjerke is ek bekend as de Sint Pauluskerk. 

It tsjerkegebou bestiet út in sintraal diel, de sealtsjerke mei fjouwerkante plattegrûn, mei dêrnjonken twa dielen mei plat dak. It haadgebou hat in sealtek en de topgevels oan foar- en efterkant besteane út glês mei in strekenferdieling. Yn de bygebouwen ferskate rjochthoekige raampartijen. De yngong bestiet út in dûbeldoars yngong. Tichtby dizze yngong is de namme fan de tsjerke op de muorre befêstige.

It sealtek is bedutsen mei griisswarte leien. Op it dak in dakruter mei lytse lûdklok en krúsfoarm. De platte dakken fan de bygebouwen binne bedutsen mei daklear. Yn ien fan beide bygebouwen is in foardoar en in garaazje makke. 

Yn it ynterieur binne losse stuollen pleatst en binne der ferskate bylden fan religieuze figueren delset. It krús yn de altaarwand waard makke fan kleastermoppen fan de ferdwûne midsiuwske tsjerke fan Langezwaag.

Yn 1970 wurde trije brânskildere ruten út it yntusken sletten fransiskaner yn Drachten oankocht en boppe it alter oanbrocht. 

Yn 1973 waard der in piipoargel pleatst en yn 1975 krige de tsjerke in klokkestoel. It oargel is ôfkomstich út de Goede Hoederkerk yn Hearrenfean en waard yn 2002 dêrwei ynstallearre en yn gebrûk nommen. In protte objekten dy't ta it ynterieur hearre binne yn de begjinjierren nei de bou byinoar brocht troch pater Beda Lemmens ofm. De sitplakken besteane út houten banken. Oan de muorren binne inkele listwurken mei Bibelske ferbyldingen befêstige.

Der wurde wykliks tsjerketsjinsten hâlden. 

Lizzing fan de tsjerke

Op dit plak stiet in kaart fan in eksterne webside. Mooglik pleatst dizze webside Cookies. Troch op de knop te klikken akseptearje jo dizze Cookies en wurdt de kaart toand.