7. Fuortset Grifformearde Tsjerke
Yn 1927 waard der yn Sigerswâld in evangelyske feriening oprjochte. Op 29 augustus 1927 waard der troch it bestjoer fan dizze evangelyske gemeente in oanfraach dien foar de bou fan in lokaal foar kristlike belangen, dat op dizze lokaasje boud waard. De kosten waarden begrutte op 4645 gûne. De bouwmasters Riemersma en Klaren út Nuis wiene belutsen by de útfiering. Ek waard der in konsistoarjekeamer mei berging boud, dy't yn 1949 in útwreiding ûndergie.

Tsjerkebeskriuwing:
- Lizzing: Yn wenwyk
- Jiertal: 1928
- Boutype: Sealtsjerke
- Oerflak: 544 m2
- Denominaasje: Grifformeard (oarspronklik)
- Hjoeddeistige funksje: Religieus
Skaaimerken fan de tsjerke
| Eigner | Tsjerkegenoatskip |
| Adres, postkoade | Tolheksleane 41, 9249 NP |
| Monumintstatus | Gjin |
| Arsjitekt | Unbekend |
| Boustyl | Delftse skoalle/Ekspresjonisme |
| Fêste objekten en muorkunst | Net bekend |
| Begraafplak | Nee |
| Terrien | Yngong nei tsjerkegebou in smelle wei mei oan wjerskanten wenten. Tsjerke stiet op in fjouwerkant perseel mei efterkant yn wenwyk. |
| Berikberens en parkeargelegenheid | Yn wenwyk lein, mei romme parkeargelegenheid oan de efterkant fan it gebou. |
| Boarnen | Facebookside vGK Fryske Peallen Ofbylding ynterieur side 2: webside Heine Bosma |

It ferhaal fan de Fuortset Grifformearde Tsjerke
Yn 1927 waard der yn Sigerswâld in evangelyske feriening oprjochte. Op 29 augustus 1927 waard der troch it bestjoer fan dizze evangelyske gemeente in oanfraach dien foar de bou fan in lokaal foar kristlike belangen, dat op dizze lokaasje boud waard. De kosten waarden begrutte op 4645 gûne. De bouwmasters Riemersma en Klaren út Nuis wiene belutsen by de útfiering. Ek waard der in konsistoarjekeamer mei berging boud, dy't yn 1949 in útwreiding ûndergie.
De boustyl fan it tsjerkegebou hat eleminten fan de Delftse skoalle en it ekspresjonisme. It tsjerkegebou is in sealtsjerke mei in T-foarmich skip mei geometryske foarmen. De muorren waarden mitselre mei donkere waalstiennen. It sealdak fan it skip en transept binne bedutsen mei reade bakte dakpannen. Yn de muorren binne lytse, keunststof bôgefinsters oanbrocht mei dûbele beglazing. Yn it glês binne Bibelske ôfbyldings gravearre.
De foargevel hat in fjouwerkante dûbele doar. Boppe de doar stiet yn smeid metaal de tekst Grifformearde Tsjerke. Hjirboppe sit in rozetfinster mei roedefersprieding. De ynpannige toer hat oan fjouwer siden galmgatten en in piramidedak mei dêrop in wynwizer yn de foarm fan in pylk. Ek yn de sydmuorren fan it transept binne rozetfinsters oanbrocht.
Healwei de jierren ’60 en ’70 fan de tweintichste iuw waard der ferboud en waard der in útwreiding realisearre. De tsjerke hat in grutte útwreiding fan giele bakstien mei yngong oan de efterkant. De útwreiding befettet grutte, ljochte finsters yn ien fan de sydmuorren. Yn 1997 fûn der in grûnlige renovaasje plak fan de tsjerke. Der waard in nije flier en in nij plafond pleatst. De houten banken dy't fan doe ôf brûkt waarden, kamen út de sletten Noardertsjerke fan Drachten.
It ynterieur befettet wite bepleistere muorren mei in foar in part lambrisearring. It dakbeskot is fan hout. De ferljochting bestiet út kroanluchters.
Yn 2000 waard it oargel fernijd en útwreide. Om't it oargel grutte gebreken fertoande, is der in nij elektroanysk Johannesoargel fan oargelbouwer Reil yn gebrûk nommen yn 2010, wat mooglik makke waard om't de gemeente in legaat ûntfong.
It tsjerkgebouw wie earder in grifformearde tsjerke. Yn 2004 besleat de lokale tsjerklike gemeente net mei te gean nei de PKN, mar har oan te sluten by it tsjerkgenoatskip “Foartsette Grifformearde Tsjerke”. De tsjerke wurdt wykliks foar de earetsjinst brûkt.