Yn 1860 hie Wynjewâlde al in tsjerkje. Yn 1908 bespruts de tsjerkeried oft ferbouwing fan it besteande tsjerkje winsklik wie. Gemeentelid A. Sijtsema, wenjend foar de tsjerke oer, skonk in stik grûn om in folslein nije tsjerke op te bouwen. De totale boukosten bedrage 7837,99 gûne. 

Tsjerkebeskriuwing:

  • Lizzing: Yn de doarpskearn
  • Jiertal: 1908
  • Boutype: Sealtsjerke
  • Oerflak: 558 m2
  • Denominaasje: Grifformeard
  • Hjoeddeistige funksje: Religieus

Skaaimerken fan de tsjerke

EignerTsjerkegenoatskip
Adres, postkoadeMerkebuorren 34, 9241 GG
MonumintstatusGjin
Arsjitekt                Tjeerd Kuipers
Boustyl               Rasjonalistysk mei Neo-romaanske ynfloeden

Fêste objekten en muorkunst

Stiftingsstien mei datum

Gevelstien mei tekst Psalm

BegraafplakNee
TerrienLangwerpich perseel. Tsjerke beslacht it grutste part fan it oerflak.
Berikberens en parkeargelegenheidBeheinde parkeargelegenheid. De berikberens is goed, leit yn it sintrum fan it doarp.
Boarnen

www.reliwiki.nl

www.dominees.nl

www.pkngereformeerdekerkwijnjewoude.nl

It ferhaal fan de Grifformearde tsjerke

Yn 1860 hie Wynjewâlde al in tsjerkje. Yn 1908 bespruts de tsjerkeried oft ferbouwing fan it besteande tsjerkje winsklik wie. Gemeentelid A. Sijtsema, wenjend foar de tsjerke oer, skonk in stik grûn om in folslein nije tsjerke op te bouwen. De totale boukosten bedrage 7837,99 gûne. 

It is in ienfâldige sealtsjerke boud mei brune bakstien en mei L-foarmige yndieling, makke nei in ûntwerp fan de Opsterlânske arsjitekt Tjeerd Kuipers (1857-1942). Syn ûntwerpen kenmerkten har troch harren rasjonalistyske trant mei ynfloeden fan it neo-romaansk. De foargevel hat in sobere risalyt mei rûnbôgige haadyngong yn in argyfolt. Yn de foargevel binne in trijetal stiennen makke fan hurdstien pleatst: in stiftingsstien mei de datum fan de earstesteenlegging (15 july 1908) en de namme fan dûmny H. Brinkman en in stien mei dêrop Psalmfers 150: 1a. De foargevel wurdt ûnderbrutsen troch in fjouwertal banen fan donkere bakstien.

Yn de foargevel twa tinne, hege rûnbôgefinsters oan beide siden fan de doar en boppe it risalyt, yn de topgevel, ek trije rûnbôgefinsters mei bepleistere listwurk boppe de trije finsters. Ek befettet de foargevel in bepleistere gevelrâne.

De sydgevels wurde troch lisenen opdield. Yn elk muorrefak dêrtusken twa hege rûnbôgefinsters. Alle rûnbôgefinsters fan it haadgebou hawwe in bepleistere drompel. Yn 1934 is der in útwreiding pleatst oan de sydgevel. Yn de sydgevel fan de oanbou binne tsien rjochthoekige finsters pleatst. Yn de topgevel in fjouwertal rûnbôgefinsters fan deselde grutte. Dêrboppe in lytse, sirkelfoarmige iepening. Alle finsters yn it tsjerkegebou hawwe in glês-yn-lead dekoraasje. Ek befettet dit diel fan it tsjerkegebou, yn de muorre dy't nei de iepenbiere wei rjochte is, dûbele doarren. De útbou befettet in lytse dakkapel.

It sealtek is bedutsen mei swarte pannen en wurdt bekroand troch in slanke, oerhoeks pleatste dakruter. Yn it dak trije lytse dakfinsters. Begjin juny 1992 sloech de bliksem yn de tsjerketoer yn, dy't dêrtroch flinke skea oprûn. Stikken laai wiene fan de toer ôfsprongen en it houtwurk rekke skansearre. Oars wie de bliksem ek 35 jier earder al ris ynslein op de toer. De wynfaan op de dakruter is in hoanne.

Oan de efterkant fan it gebou is in útwreiding pleatst. Der is in diel mei in plat dak dêr't ek in yngong makke is en in grutter gebou dêrefter, dat tsjinst docht foar gearkomsten en byinoar wêzen bûten de tsjerketsjinsten. 

It ynterieur befettet in grut tal fêste tsjerkebanken en in diel losse stuollen. It balkwurk fan it plafond is sichtber. De preekstoel stiet yn in nis yn de muorre. It oargel wurd yn 1974 boud troch de firma Bakker & Timmenga te Ljouwert. 

It tsjerkegebou wurdt brûkt foar tsjerketsjinsten. Ek is der de mooglikheid om de tsjerke te besjen tidens mominten fan iepenstelling, meastentiids ien kear yn 'e wike. 

Lizzing fan de tsjerke

Op dit plak stiet in kaart fan in eksterne webside. Mooglik pleatst dizze webside Cookies. Troch op de knop te klikken akseptearje jo dizze Cookies en wurdt de kaart toand.