4. (Fh.) Grifformearde tsjerke

De eardere grifformearde tsjerke oan it Tsjerkepaad East yn Beetsterzwaag waard boud yn 1921. Op 5 novimber 1920 waard in kontrakt opsteld om oer te gean ta de bou fan in tsjerkje oan it Tsjerkepaad East 17 yn Beetsterzwaag troch de tsjerkeried fan de Grifformearde Tsjerke te Boarnburgum. Der wiene 14 húshâldings dy't hjirfoar in jildbedrach byinoar brochten.

Tsjerkebeskriuwing:

  • Lizzing: Yn wenwyk
  • Jiertal: 1921
  • Bouwtype: Ienfâldige sealtsjerke
  • Oerflak: 90 m2
  • Denominaasje: Grifformeard
  • Hjoeddeistige funksje: Retail

Skaaimerken fan de tsjerke

EignerPartikulier 
Adres, postkoadeTsjerkepaad East 17, 8409 JH
MonumintstatusGjin
Arsjitekt                Unbekend
Boustyl               Tradisionalisme

Fêste objekten en muorkunst

Net langer oanwêzich.

BegraafplakNee
TerrienYn wenwyk lein, oan rêstige trochgeande wei. 
Berikberens en parkeargelegenheidGoede berikberens. Parkeargelegenheid is beheind yn de neiste omjouwing.
Boarnen

Dossier Tsjerkepaad East 17 gemeente Opsterlân

www.reliwiki.nl

Rapport Werbrûk Fryske Tsjerken 2012 Provinsje Fryslân.

It ferhaal fan de Grifformearde tsjerke

De eardere grifformearde tsjerke oan it Tsjerkepaad East yn Beetsterzwaag waard boud yn 1921. Op 5 novimber 1920 waard in kontrakt opsteld om oer te gean ta de bou fan in tsjerkje oan it Tsjerkepaad East 17 yn Beetsterzwaag troch de tsjerkeried fan de Grifformearde Tsjerke te Boarnburgum. Der wiene 14 húshâldings dy't hjirfoar in jildbedrach byinoar brochten.

De hear J. Veenema út Boarnburgum naam de taak as bouwmaster op him. Op 10 septimber 1921 kaam dêr noch in plan by om ek in gearkomstelokaal oan it tsjerkegebou ta te foegjen en yn maaie 1925 in houten berchplak te realisearjen by it tsjerkegebou.

De fûneminten waarden mitselre fan kalksânstien yn slappe tras spesy. De muorren binne makke fan Grinzer stien. De kap bestiet út 8 spanten mei gorden, de flierren út hout en tegels. It gebou hie 9 ljochtkozinen fan 100 x 200 sm en 6 stikken mei de ôfmjitting 70 x 100 sm, mei fallamen. 

Yn 1950 waard in fergunning ôfjûn foar in ferbouwing. It gebou krige nije smoarde ferbettere Hollânske pannen yn in grize kleur en ûndergie in pear wizigingen oan de foargevel en ek de raampartijen. Yn 1955 waard boppedat in portaal efter de konsistoarjekeamer boud. Neidat in nij Grifformeard tsjerkegebou yn gebrûk naam waard, is de tsjerke ferkocht yn 1966. Fan dit jier ôf is it gebou yn gebrûk as fytswinkel. Yn de desennia dêrnei is it tsjerkegebou geregeld ferboud en binne der alderhande oanpassingen en útwreidingen útfierd. 

De folgjende grutte ferbouwing folge yn 1970, doe't de doarren oan de súdgevel, oan de foarkant fan de tsjerke, sletten waarden en der in nije doar iepening makke waard yn ien fan de ramen yn de eastgevel

Oan de rjochterkant binne de kontoeren fan de rûnbuogrammen noch sichtber, mar tichtmakke. Ek waard doe it efterste raam fan de eastlike sydgevel tichtmitsele. De rûnbuogrammen waarden ferfongen troch fjouwerkante, gruttere ramen: in glêzen etalazjewand. It pân waard omboud ta winkelpân. 

Yn 1980 waard op de boppeferdjipping in wenromte realisearre. Yn de jierren ’80 waard ek in garaazje oan it pân boud. Yn 1994 folge der opnij in útwreiding en ek yn 1999 waard der in bedriuwsgebou.

It oarspronklike tsjerkegebou is noch wol werkenber, mei troch de dakruter mei romte foar in lûdklok oan de foarkant. Ek binnenyn is grutskalich ferboud, wêrtroch't yn it ynterieur neat mear oerbleaun is fan de oarspronklike tsjerkefunksje.

Lizzing fan de tsjerke

Op dit plak stiet in kaart fan in eksterne webside. Mooglik pleatst dizze webside Cookies. Troch op de knop te klikken akseptearje jo dizze Cookies en wurdt de kaart toand.